Haadmenu iepenje

Follybalkombinaasje De Jouwer (Volleybalcombinatie Joure) is in feriening foar follybal op De Jouwer. De follybalferiening is yn 1993 ûntstien nei in ôfsplitsing fan omniferiening VKH, ûnder de namme VKH'93. Letter is de namme feroare yn FK De Jouwer. Yn 2004 is de feriening VVO ('Volleybalvereniging de Opslach') yn FK De Jouwer opgien. FK De Jouwer is oansluten by it Nederlânsk Follybal Bûn (NEVOBO).

FK De Jouwer hie yn 2019 ± 250 leden ferdield oer 8 damesteams, 4 heareteams en jeugdteams. De trenings binne yn sporthal SportFun oan de Sewei (SwimFun), sportseal de Wâldfinnen oan de Pasteurwei (Skoallemienskip) en yn de sportseal yn Langwar.

De feriening biedt sawol follybal op prestaasje- as op rekreaasjenivo. It earste manljusteam spilet yn de regiodifyzje, it earste frouljusteam yn de promoasjeklasse. FK De Jouwer is de earste follybalferiening fan Nederlân dat it predikaat 'Sûne Sportferiening' fan it NOC*NSF fiere mei.

TenuBewurkje

  • hearen: blau shirt mei reade bân om de boppe-earms mei wite broek
  • dames: blau shirt mei reade bân om de boppe-earms mei blauwe broek

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: