Folmacht (diplomaat)

(Trochferwiisd fan Folmacht (diplomasy))

In folmacht of chargé d'affaires (Nederlânsk: zaakgelastigde) is yn 'e diplomasy in funksjonaris dy't, yn 'e ôfwêzichheid fan in ambassadeur, in diplomatike missy liedt.

In folmacht fertsjintwurdiget syn of har thúslân yn it lân dêr't hy of sy yn oansteld is, en genietet deselde privileezjes en diplomatike ymmuniteit as in gewoane ambassadeur. Folmachten hawwe lykwols in legere rang as ambassadeurs, en sille by formele diplomatike plechtichheden alle ambassadeurs fan oare lannen foargean litte moatte. Yn 'e measte gefallen is de funksje fan folmacht in tydlikenien, om't de ambassadeur siik, stoarn, ôftreden, út syn amt set of om oare twingende redens ûnbeskikber is. Om yn sa'n oerbrêgingsskoft dochs in diplomatyk fertsjintwurdiger te hawwen wurdt dan faak foar ûnbeskate tiid in hege ambassadefunksjonaris as folmacht oansteld. Ek is it mooglik dat de relaasjes tusken de beide lannen sa min binne dat de ambassadeur weromroppen of it hawwen fan in diplomatike fertsjintwurdiging op heger nivo as ûnwinsklik beskôge wurdt. Yn sokke gefallen kinne folmachten foar langere tiid 'op 'e winkel passe' moatte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources and external links, op dizze side.