Fort Worth

(Trochferwiisd fan Fort Worth (Teksas))

Fort Worth is de op fjouwer nei grutste stêd fan 'e súdlike Amerikaanske steat Teksas. It leit yn it flakke noardeastlike diel fan Teksas oan 'e rivier de Trinity, in streamke dat te ûndjip is foar skipfeart, en foarmet in twillingstêd mei it oangrinzgjende Dallas (ûnder de namme Dallas/Fort Worth). Fort Worth is fierders it haadplak fan Tarrant County, al lizze guon bûtenwiken yn it oanswettende Denton County, Johnson County, Parker County en Wise County. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Fort Worth doe krapoan 780.000 ynwenners. De stêdekloft dêr't Fort Worth, Dallas, Arlington en oare plakken ta hearre, hie yn 2012 in befolking fan rom 6,6 miljoen minsken, wat it ta de op trije nei grutste agglomeraasje fan it lân makket. Fort Worth wie tusken 2000 en 2006 de fluchst groeiende stêd fan 'e Feriene Steaten.

Fort Worth
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Teksas
County Tarrant County
Denton County
Parker County
Johnson County
Wise County
Sifers
Ynwennertal 777.992 (2012)
Oerflak 904,4 km² (ynkl. wetter)
886,3 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 835,2 / km²
Stêdekloft 6.645.678 (2012)
Hichte 216 m
Oar
Stifting 1849
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 32°45′27″N 97°19′60″W
Offisjele webside
www.fortworthtexas.gov
Kaart
De lizzing fan Fort Worth yn Tarrant County en yn 'e steat Teksas.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Fort Worth (betsjuttingsside).

Skiednis bewurkje seksje

Fort Worth is ferneamd nei generaal-majoar William Jenkins Worth (1794-1849), dy't oan it begjin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, yn 1846, ûnder generaal Zachary Taylor, de lettere presidint fan 'e Feriene Steaten, tsjinne. Nei de oarloch waard Worth yn 1849 it befel jûn oer it militêr departemint Teksas. Yn jannewaris fan dat jier stelde er út om in rige fan tsien forten te bouwen oan 'e Teksaanske frontier (oftewol de foargrins fan 'e kolonisaasje). In moanne letter stoar er oan goalera. Syn opfolger, generaal William S. Harney, joech majoar Ripley A. Arnold befel om in gaadlik plak te sykjen foar de oanlis fan in fort oan 'e rivier de Trinity. Op 6 juny 1849 stifte Arnold dat fort en ferneamde it nei Worth. Hoewol't de krite om 'e Trinity hinne doedestiden noch net "pasifisearre" wie (dat wol sizze dat de Yndianen der noch net útrûge of ferdreaun wiene, en dat de kâns op wapene ferset tsjin 'e kolonisaasje fan it gebiet sadwaande noch oanwêzich wie), setten har datselde jiers noch de earste kolonisten yn 'e neite fan it nije fort nei wenjen.

 
De histoaryske stockyards (feemerk) fan Fort Worth.

Fort Worth wie in sliepperich lyts bûtenpostke oant it legindaryske Chisolm Trail derlâns útstippele waard. Dat wie de rûte dy't feeboeren út súdlik Teksas brûkten om harren slachtfee mear as 1.300 km nei it noarden te driuwen, dêr't it yn Abilene, yn 'e steat Kansas, op it spoar nei it Easten ta set waard. Tusken 1867 en 1871 waarden mear as oardel miljoen longhorns oer it Chisolm Trail dreaun. Troch de lokaasje fan Fort Worth oan dat stoffige feepaad koe it him ûntjaan ta in drok hannelsstedsje. (Dêrfandinne ek de longhornkop op 'e stedsflagge fan Fort Worth.) Doe't yn 'e iere 1870-er jierren de oanlis fan spoarlinen troch Teksas it opdriuwen fan fee hielendal nei Kansas ta oerstallich makke, sadat it Chisolm Trail yn ûnbrûk rekke, en doe't — wat slimmer wie — it nije spoar Fort Worth op in ôfstân fan 48 km passearre, wie it dien mei de ekonomyske groei. Der folge in leechrin, dy't noch fuortsterke waard troch de drege winter fan 1873, en neffens in stik dat yn 1875 yn 'e Dallas Herald ferskynde, wie it doe yn Fort Worth sa'n deade bedoening dat der op 'e strjitte foar de rjochtbank in poema (panther) lei te sliepen. Hoewol't dat bedoeld wie as in skimpskoat, waard it troch de Fortworthsters entûsjast omearme, sadat de stêd noch altiten wol fan Panther City neamd wurdt.

Yn 1876, doe't de Texas and Pacific Railway Fort Worth mei de rest fan it spoar ferbûn, kearde it tij, en fan dy tiid ôf wûn de stêd syn âlde plak yn 'e feehannel werom. De befolking naam eksplosyf ta, fral mei lju út it Amerikaanske Suden, dat der sûnt de Boargeroarloch noch altiten grutdiels ferrinnewearre hinne lei. De cowboys dy't it fee nei Fort Worth ta dreaun hiene, waarden fan harren soer fertsjinne jild ûntdien yn in stedsbuert dy't Hell's Half Acre kaam te hjitten, en dy't folstie mei saloons en bordelen. Dêr gie it der sa rûch oan ta, dat de froede boargers fan Fort Worth ien fan 'e meast ferneamde wetstsjinners fan it Wylde Westen, Timothy Isaiah Courtright, better bekend as Longhair Jim, ta harren marshal keazen. Tsjin 1900 hie Fort Worth likernôch 50.000 ynwenners, wêrfan't 7.000 eardere negerslaven en harren neikommelingen wiene.

 
Fort Worth by nacht.

Yn 'e tweintichste iuw woeks Fort Worth mei mei buorstêd Dallas, dat it finansjele sintrum fan 'e oaljeyndustry fan Teksas en Oklahoma wurden wie. De beide stêden groeiden úteinlik oaninoar fêst en waarden tenei suver út ien sike wei neamd. Op 28 maart 2000 rjochte in tornado yn it sintrum fan Fort Worth grutte skea oan. Fort Worth leit boppe-op in ûnbidich grut gasfjild, dêr't earder net by te kommen wie sûnder de stêd ôf te brekken. Underwilens is der lykwols technology ûntwikkele dy't horizontale gasboarrings mooglik makket, en sadwaande hawwe sûnt 2007 in protte Fortworthsters royaltys ûntfongen foar harren minerale rjochten.

Fort Worth hjoed de dei bewurkje seksje

Hjoed de dei hâldt Fort Worth noch altiten fêst oan syn Wyldwestbeërf troch tradisjonele arsjitektuer en ûntwerpen op oare mêden. De stêd stiet fierders bekend om it Kimbell Art Museum, dat in kolleksje moderne keunst hat dy't algemien beskôge wurdt as ien fan 'e bêsten fan 'e wrâld. Fierders binne yn 'e stêd op it mêd fan keunst it Modern Art Museum of Fort Worth en it Amon Carter Museum fêstige, op it mêd fan ûnderwiis de Teksaanske Kristlike Universiteit (TCU) en de Teksaanske Wesleyaanske Universiteit (TWU), en op it mêd fan ûndernimmings sokke multinationals as helikopterprodusint Bell Helicopter, fleantúchfabrikant Lockheed Martin en loftfeartmaatskippij American Airlines.

 
It Paddock Viaduct, net in fiadukt mar in brêge oer de rivier de Trinity.

Demografy bewurkje seksje

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Fort Worth yn 2012 in befolking fan 777.992 minsken. De befolkingstichtens bedroech 835,2 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Fort Worth 9,6% âlder as 65 jier en 28,3% jonger as 18 jier. Fierders bestie 34,6% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 15,9% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 41,7% blanken; 34,1% Latino's; 18,9% swarten; 3,7% Aziaten; 0,6% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e Latino's wiene de Meksikanen de grutste groep, mei 29,6% fan 'e totale stedsbefolking. Under de Aziaten foarmen de Fjetnamezen mei 1,0% de grutste befolkingsgroep.

 
It stedhûs fan Fort Worth.
 
De Wettertunen fan Fort Worth, in iepenbier park mei keunstmjittige wetterfallen.

Berne yn Fort Worth bewurkje seksje

Stoarn yn Fort Worth bewurkje seksje

Klimaat bewurkje seksje

Fort Worth hat in fochtich subtropysk klimaat, mei hjitte simmers en mylde winters. De temperatuerstiging by 't simmer is benammen te witen oan 'e drûge, waarme winen út it noarden en westen. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 35,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 12,3 °C. Rekôrtemperatueren wiene 45,0 °C op 26 juny 1980 en –22,2 °C op 12 febrewaris 1899. Fort Worth kriget jiers trochinoar 881,9 mm delslach, mei winters yn trochsneed 7 mm snie. De measte snie dy't der ea yn ien winterhealjier foel, wie yn 1977-1978 doe't der 45 sm delkaam.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.