Foyingastate of Foyinga heerd stie benoardwesten Kollum yn de gemeente Kollumerlân, by de buorskip De Pomp, no in doarp mei deselde namme. Fan de state is neat mear werom te finen.

eardere skoalle mei wente skoalhaad
eardere skoalle mei wente skoalhaad

Faaks al yn de 14e iuw ûntstien as stins, mar hat gjin hegere status krigen as ‘eigenerfde state’. Wygher Foyngha besluet yn 1464 tegearre mei Pyba Eernsma op Meckema, mei Buwa Meckema, eigener fan Ter Lune, en mei de abt fan Gerkeskleaster by need geweld te brûken by it ferkrijen fan it har takommende grûnbesit. Hy wie dus in man dy't selsstannich drige geweld brûke te sillen ta hanthavening fan syn rjochten. Dat rjocht bestie destiids út it eigendom fan it oan de lannen grinzjende bûtendykske lân, dat meastentiids ek troch de eigener fan dy lannen oanwûn wie. Ek bygelyks de states Aysma- en Buma ûnder Bitgummole bestienen foar in (tige) grut part út sok oanwûn lân. Wygher skynt mear west te hawwen as in eigenerfde boer omdat hy kleardernôch by steat wie om mei geweld te drigen. Hy sil dan ek it nedige kriichsfolk yn tsjinst hân hawwe om dy driging wiermeitsje te kinnen en in ferdigenber hûs om net al te licht troch eventuele tsjinstanners oerfallen wurde te kinnen.

In oare Wiger Foyinga wie yn 1531 subprior fan Gerkeskleaster en yn 1552 pastoar fan Boerum. De erfgenamten en beppesizzers fan Jancke Foyinga waarden yn 1529 neamd ûnder de belanghawwenden by de bediking fan Nij Krúslân. Yn 1604 wie de state eigendom fan Abraham Sijbes en Sara Engelbarti. Dy lêste bewenne as widdo de pleats noch yn 1630. Yn 1847 waard de state ferkocht wêrby't de gritenij it terrein dêr't de state stie oankocht hat en op in diel dêrfan in skoalle stichte hat.

Bewenners bewurkje seksje

  • 1464 Wygher Foyngha
  • 1604 Abraham Sijbes en Sara Engelbarti

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • mr. A.J. Andreae - Kollumerland en Nieuw Kruisland, 1883-1885
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009