Free State of Jones

film út 2016 fan Gary Ross

Free State of Jones is in Amerikaansk-Sineeske histoaryske oarlochs- en dramafilm út 2016 ûnder rezjy fan Gary Ross, mei yn 'e haadrollen Matthew McConaughey en Gugu Mbatha-Raw. Wichtige byrollen wurde fertolke troch Mahershala Ali en Keri Russell. It ferhaal giet oer de histoaryske persoan fan Newton Knight, dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch yn Jones County, yn súdeastlik Mississippy, in opstân begûn tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika, en dêrby de Frijsteat Jones (dêrfandinne de titel) útrôp. Free State of Jones krige lauwe reäksjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen.

Free State of Jones
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Gary Ross
produsint Jon Kilik
Gary Ross
Scott Stuber
senario Gary Ross
kamerarezjy Benoît Delhomme
muzyk Nicholas Britell
filmstudio STX Entertainment
H. Brothers
Tang Media Productions
Route One Entertainment
IM Global
Swing Lake Entertainment
Bluegrass Films
Larger Than Life Productions
Vendian Entertainment
distribúsje STX Entertainment
spilers
haadrollen Matthew McConaughey
Gugu Mbatha-Raw
byrollen Mahershala Ali
Keri Russell
Christopher Berry
Sean Bridgers
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Sina
premiêre 16 juny 2016
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochs- en
   dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 140 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $25 miljoen

Utgongspunt bewurkje seksje

Free State of Jones is basearre op 'e wiere skiednis fan Jones County, yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Mississippy, ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) en yn it Tiidrek fan 'e Weropbou oant 1876. It ferhaal folget de dieden fan 'e histoaryske persoan Newton Knight, dy't yn 1863 mei in grutte groep deserteurs en útnaaide negerslaven in opstân begûn tsjin 'e Konfederearre Steaten fan Amearika. De rebûlje late ta it útroppen fan 'e Frijsteat Jones. Nei de oarloch krewearre Knight om 'e nocht foar de rjochten fan swarten yn Mississippy. It senario fan 'e film soe basearre wêze op 'e skiednisboeken The Free State of Jones fan Victoria E. Bynum en The State of Jones fan Sally Jenkins en John Stauffer.

Plot bewurkje seksje

Nei't Newton Knight, in earme gernier dy't yn it leger fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika tsjinnet, yn 1862 as brankardier tsjûge west hat fan it ûnnutte fergriemen fan minskelibbens yn 'e Twadde Slach by Corinth, keart er werom nei syn kamp, dêr't er yn 'e krante lêst dat it regear fan 'e Konfederaasje de Tweintich-Negerswet útfurdige hat. Under dy wet wurdt in slavehâlder of syn âldste soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht as er tweintich negerslaven yn besit hat. As er fjirtich slaven hat, wurdt de twadde soan frijsteld fan 'e tsjinstplicht, mei sechstich slaven de trêde, en sa fierder. It befêstiget Knight en syn earme mei-soldaten yn har gefoel dat se brûkt wurde yn in oarloch fan 'e riken. As koart dêrnei syn omkesizzer Daniel, in opslûpen jonge fan in jier as fjirtjin, dy't net oan 'e tsjinstplicht ûntkomme koe, yn in ûnbetsjuttende skermutseling dearekket, hat Knight syn nocht. Hy bynt it stoflik omskot fan Daniel op in mûldier en desertearret troch sûnder tastimming syn kamp te ferlitten en nei hûs te gean.

Dêr jout Knight him wer by syn frou Serena en harren jonge soan, in pjut. As it jonkje koarte tiid letter slim siik wurdt, siket Knight de omkriten ôf nei in dokter, mar dy is der net. De bêste help dy't er besette kin is Rachel, in slavinne op 'e plantaazje fan 'e famylje Eakes, dy't wat fan genêskrêftige krûden ôfwit. Hja skuort syn soan dertroch en Knight, dy't gjin jild hat, betellet har, ta har ferrassing, troch har in gouden sieraad te jaan.

Knight syn ûntgûcheling oer de Konfederaasje groeit as er ûntdekt dat it Konfederearre leger ûnderholden wurdt troch de efterbleaune húshâldings fan 'e earme soldaten ûnder it mom fan it ynjen fan belesting harren fee en rispingen stynske weet ôf te pakken. Nei't er in riedeleaze frou en har dochters holpen hat om in groepke soldaten te ferdriuwen dy't harren alles ôfnimme woene, sette de pleatslike autoriteiten lju mei jachthûnen yn om him op te spoaren, in metoade dy't ornaris foarbeholden is oan it weromfinen fan útnaaide negerslaven. Knight wurdt biten troch in hûn, mar mei de help fan Sally-muoi, de eigneresse fan 'e pleatslike kroech, wit er te ûntkommen nei de sompen by de rivier de Leaf lâns, dêr't er him by in groepke ûntsnapte negerslaven jout. De lieder fan 'e kloft is ien dy't himsels de namme Moses Washington jûn hat. Hy fersoarget Knight syn wûnen en Knight, dy't foarhinne in skoft as hoefsmid wurke hat, helpt Moses troch him te befrijen fan 'e minskûntearjende izeren halsbân dy't syn eardere eigner Moses om 'e nekke klinke litten hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei de Konfederearre nederlaach yn 'e Slach by Vicksburg, yn july 1863, rint it tal Konfederearre soldaten dat desertearret sterk op. In soad fan harren fine har wei nei de sompen, dêr't Knight harren lieder wurdt. Hy en syn mannen oerfalle de konfoaien mei guod en foarderje it fee en de stynske weet werom. Dêrmei beëiniget er effektyf it fermogen fan 'e Konfederearre oerheid om yn Jones County noch belesting te ynjen. As represaillemaatregel begjinne Konfederearre troepen de boerespultsjes fan lju dy't Knight-en-dy stypje, plat te baarnen. Dêrop stekt Knight de katoenrispinge fan 'e omlizzende plantaazjes yn 'e brân. De Konfederearre autoriteiten stjoere dan kolonel Hood nei Jones County ta, dy't pamfletten ferspriedt mei it boadskip dat alle folgelingen fan Knight dy't har oerjouwe, folsleine amnesty krije sille. As fjouwer fan Knight syn mannen, wêrûnder twa jonges, oan dy oprop gehoar jouwe, lit Hood harren lykwols ophingje.

Dat is foar Knight oanlieding om in iepen rebûlje tsjin 'e Konfederaasje te begjinnen. Hy en syn oanhingers falle kolonel Hood en syn mannen oan op it tsjerkhôf dêr't de beide jonges begroeven wurde, en Knight sels deadet Hood yn it tsjerkegebou. Dêrnei falle se de Konfederearre garnizoenen yn 'e omkriten oan, en ferslane of ferdriuwe dy, oant se hiel Jones County en dielen fan 'e oanbuorjende countys Jasper, Covington, Perry en Smith yn 'e hannen hawwe. Se hysje de Amerikaanske flagge by it gerjochtsgebou yn Ellisville en Knight stjoert Will Sumrall, ien fan syn maten, nei de yn súdlike rjochting opmarsjearjende Noardlike generaal William T. Sherman ta, mei it fersyk om help te stjoeren yn 'e foarm fan 500 gewearen, 15 kanonnen en in kavaleryôfdieling fan 50 man. Sherman, dy't Knight-en-dy as in soadsje ûngeregeld sjocht, stjoert Will mei 100 gewearen werom. Dêrop roppe Knight en syn meistanners de Frijsteat Jones út, dy't noch ta de Konfederaasje, noch ta de Feriene Steaten heart. Om't se it net hâlde kinne tsjin it rezjimint hynstefolk ûnder kolonel Robert Lowry, dat it Konfederearre regear stjoert om mei harren ôf te weven, lûke se har yn 'e sompen werom en fiere dêrwei oant de ein fan 'e boargeroarloch, yn april 1865 in guerriljaoarloch tsjin 'e Konfederaasje.

Underwilens hie Knight syn frou Serena, koart nei't er yn 1862 syn ûntwyk yn 'e sompen socht hie, Mississippy ferlitten om tegearre mei har jonkje har heil by har eigen folk yn Georgia te sykjen. Under de oarloch krige Knight stadichoan in relaasje mei de negerslavinne Rachel, dy't er holp om lêzen te learen. Nei de oarloch wennet er iepentlik mei har gear. As de oerheid de plantaazje dêr't se op wenje, dy't yn lytse stikjes grûn ferparte en oan 'e eardere slaven jûn wie, wer weromjout oan 'e eardere slavehâlder Eakes, ferfart Knight mei syn nije frou en oare befrijde slaven nei in krite mei minne grûn dy't noch ûnûntgûn is, yn 'e neite fan Soso. Syn earste frou Serena, dy't troch Shermans Mars nei de See, wêrby't er in paad fan ferwoastging dwers troch Georgia efterliet, dêr alles ferlern hat, komt mei harren soan werom en lûkt by him en Rachel yn.

Knight set him oanhâldend yn foar de boargerrjochten fan 'e swarten yn Mississippy, en swimt dêrmei tsjin 'e stream fan it oanboazjende rasisme en de opkomst fan 'e Ku Klux Klan yn. Hy helpt om Moses syn soan te befrijen fan in "learlingskip" (in ferwrongen nije foarm fan slavernij) op 'e plantaazje fan Eakes. Moses sels, dy't him ynset om befrijde slaven te registrearjen sadat se dielnimme kinne oan ferkiezings, wurdt lyncht troch Ku Klux Klan. Neitiid nimme Knight en syn eardere oarlochskammeraten Jasper en Will diel oan in optocht fan swarte manlju om by de ferkiezings tsjin it ferset fan 'e blanke autoriteiten yn dochs harren stim út te bringen. Hoewol't it harren úteinlik slagget om te stimmen, sjitte se der neat mei op om't de útslach yn Jones County ferfalske wurdt. Mei Rachel kriget Knight in twadde soan, dy't se Jason neame. Om't it yn Mississippy yllegaal is foar in blanke man om mei in swarte frou (of oarsom) te trouwen, makket Knight Rachel ta de wettige eigneresse fan in stik lân, wêrmei't se ien fan mar in pear swarte froulju út dy tiid wurdt dy't yn Mississippy grûn yn besit hawwe. Knight en Rachel wenje oant harren dea op harren boerespultsje yn Jones County.

De haadferhaalline wurdt yn 'e film út en troch ûnderbrutsen foar in njonkenferhaal oer Davis Knight, de oerpakesizzer fan Newton en Rachel Knight. Dyselde wurdt yn 1948 arrestearre en foar de rjochter brocht om't er troud is mei in blanke frou. Mei't er troch syn ôfstamming fan Rachel foar 1/8 part swart is, wurdt er yn dy tiid foar de wet fan Mississippy foar in swartenien holden, en swarten meie út noch yn net trouwe mei blanken. Hy kriget de kâns om syn houlik annulearje te litten en in ferballing út 'e steat te akseptearjen, mar wegeret. Dêrop wurdt er feroardiele ta fiif jier finzenisstraf. Yn 1949 wurdt dat fûnis yn heger berop lykwols weromdraaid troch it Heechgerjochtshôf fan Mississippy, om't oars it Heechgerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten yn it bestjoer fan Mississippy yngrepen hawwe soe troch de wet tsjin mingde houliken ûngrûnwettich te ferklearjen.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Matthew McConaughey.
 
De wiere Newton Knight.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Newton Knight Matthew McConaughey
Rachel Knight Gugu Mbatha-Raw


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Moses Washington Mahershala Ali
Serena Knight Keri Russell
Jasper Collins Christopher Berry
Will Sumrall Sean Bridgers
kolonel Elias Hood Thomas Francis Murphy
luitenant Barbour Bill Tangradi
Davis Knight Brian Lee Franklin
Mary Kerry Cahill
James Eakins Joe Chrest
Daniel Jacob Lofland
Annie Jessica Collins
Wilson Donald Watkins
Eli Artrial Clark
kolonel Robert Lowry Wayne Pére
keapman Kirk Bovill
sirurgyn Manny Penton

Produksje bewurkje seksje

Free State of Jones wie foar regisseur Gary Ross leafdewurk. Hy spandearre tsien jier oan 'e ûntwikkeling fan it ferhaal, dêr't er him nei eigen sizzen fral ta oanlutsen fielde om't it him in kâns bea om it Tiidrek fan 'e Weropbou nei ôfrin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch yn byld te bringen. Neffens him is dat in perioade dy't min fertsjintwurdige is yn Amerikaanske films; hy joech The Birth of a Nation, út 1915, en Gone with the Wind, út 1939, as foarbylden fan "de lêste films" dy't oer it Tiidrek fan 'e Weropbou giene. As tarieding op Free State of Jones die Ross in soad research oer de Boargeroarloch, mar ek oer de historiografy fan 'e Boargeroarloch, om't er wis wêze woe dat er yn syn film gjin ûnwiere myten oer dat konflikt oan 'e gong hâlde soe.

Ross skreau sels it senario foar Free State of Jones, op basis fan in ferhaal dat hy en Leonard Hartman ûntwikkele hiene. Hy foltôge it skript foar't er yn 2011 The Hunger Games regissearre. It slagge him nammentlik mar dreech om 'e finansiering fan syn eigen projekt rûn te krijen, en hy tocht dat it ôfleverjen fan in súksesfolle oare film dêrby helpe soe. Nei't The Hunger Games yn 2012 útkaam, sloech Ross dan ek it oanbod ôf om 'e trije ferfolchfilms te regissearjen. Dêr waard doe Francis Lawrence foar frege. Nei it útkommen fan The Hunger Games hie Ross lykwols nòch swierrichheden mei it byinoarkrijen fan it jild dêr't er ferlet fan hie, in probleem dat er wiet oan it "popcornhielal" fan tsjintwurdich. Doe't Matthew MacConaughey yn novimber 2014 syn namme oan it projekt ferbûn, holp dat om wifeljende finansiers oer de streek te lûken.

Uteinlik wie foar Free State of Jones in budget fan $50 miljoen beskikber. As produsinten wiene Jon Kilik, Ross sels en Scott Stuber by de film belutsen, foar de filmstudio's STX Entertainment, Tang Media Productions, Route One Entertainment, IM Global, Swing Lake Entertainment, Bluegrass Films, Larger Than Life Productions, Vendian Entertainment en it Sineeske H. Brothers. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Benoît Delhomme, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nicholas Britell. De opnamen set útein op 23 febrewaris 2015 en duorren oant en mei 28 maaie fan dat jier. Opnamelokaasjes wiene û.m. New Orleans, Clinton (Louisiana) en it Steatspark Chicot by Ville Platte (Louisiana). De filmdistribúsje waard fersoarge troch STX Entertainment. Free State of Jones gie op 16 juny 2016 yn Atlanta yn premiêre en iepene op 24 juny 2016 yn 'e Amerikaanske bioskopen.

Untfangst bewurkje seksje

Free State of Jones krige oer it algemien lauwe resinsjes fan 'e filmkritisy, hoewol't der yn The New York Times in loovjend stikje oer ferskynde fan 'e hân fan resinsint A.O. Scott. Dyselde neamde de film "in ferwaarleazge en fassinearjend haadstik yn 'e Amerikaanske skiednis" en skreau fierders dat Free State of Jones "it ark en reau fan Hollywood brûkt om in beskate mjitte fan helderheid" te skeppen "yn ús begryp fan 'e oarloch en de neisleep dêrfan." In faak hearde krityk op 'e film wie dat it gie om in stereotype blanke ferlosser, dy't de earme swarten helpt om't se it op eigen krêft net rêde kinne.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Free State of Jones in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 46%, basearre op 184 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelde: "[De film] hat de bêste bedoelings, mar dy binne net genôch om 'e ferstive behanneling fan in fassinearjend wierbard ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Free State of Jones in goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Free State of Jones brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $20,8 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria mar $4,2 miljoen. Yn totaal kaam de opbringst dêrmei út op $25 miljoen, mar heal safolle as de $50 miljoen dy't de film koste hie. Yn 'e Feriene Steaten ûnderfûn Free State of Jones yn 'e bioskopen konkurrinsje fan 'e science fiction-film Independence Day: Resurgence, de horrorfilms The Shallows en The Conjuring 2, de tekenfilm Finding Dory, de komeedzje Central Intelligence.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.