Haadmenu iepenje
Friesmastate, 1721
Friesmastate
Friesmastate, 1880

Friesmastate wie in state yn Idaard , gemeente Idaarderadiel. It terrein is efter de lintbebouwing noardlik fan de buorren amper te werkennen.

De Friesematate is grif koart nei 1625 ûntstien; it lângoed wie yn de rin fan de iuwen tige fersnippere rekke. Om 1625 wennet yn de Grut Roorda State by Grou Carel fan Roorda, dy't grytman fan Idaarderadiel is. Carel ferienet de fersnippere persielen fan de Friesemasate ta ien gehiel en lit grif de sate (pleats) ferbouwe ta state en set him dêryn ta wensjen.

Yn 1728 is Cornelis fan Scheltinga eigener. Hy is blykber tige grutsk op syn foarnamme, want yn dat jier makke hy fan syn besittings yn Idaard in fideïcommis. Dat is in erfstelling, wêrby't de fererving yn mear as ien generaasje fêstlein wurdt. Dy erfstelling hâlde yn dat de besittings hieltiten oerervje moasten op de âldste neisiet mei de namme Cornelis of Cornelia. Yn in Leeuwarder Courant út 1844 wurdt fernijd: Friesema-State te Idaard: Gehuwd op 16 oktober 1844 J.B. Dompeling, Med. Doct. te Utrecht en J.M. van Campen, Wed. F.P.G. van Enschut.

Sa't yn it listke mei bewenners te sjen is, barde dat oant 1881. At dat jier Cornelis Bergsma stjert, litte de erven Bergsma de state ôfbrekke.

Fan it 18e iuwsk ynterieur binne in gedielte fan de famyljeportretten, inkele meubels, sulver, porslein en sa sparre bleaun en yn museums bedarre. It goudlearbehang is yn it Frysk kabinet op Paleis It Loo.

Fan de state is in ôfbyld bewarre bleaun út 1721 fan Jacob Stellingwerf. Fierders binne der noch in tal foto's fan krekt nei de sloop. By fergeliking fan de foto's falt op, dat de state yn de rin fan de iuwen amper feroare is. It gebou bestie út mar ien boulaach mei in skyldkape en op de hoeken achtsidige skoarstiens. It gebou wie 5 ramen breed en hie toskaanske pilasters. Yn de midden wie de haadyngong, mei der boppe in kuifstik mei alliânsjewapens. Dit kuifstik is letter ferdwûn, om hegere doarren sette te kinnen. Boppe de tagongspartij wie in grutte kajút útboud mei pilasters en in trochbrutsen tympanon as bekroaning. Dizze bekroaning is grif yn de midden fan de achttjinde iuw ferfongen troch in sânstiennen geveltop yn Loadewyk XV-styl, dêr't de alliânsjewapens yn ferwurke wiene.

Fierder is op it ôfbyld út 1721 te sjen dat rjochts fan de yngong in útboude keamer wie, dêr't in boereskuorre op oansluet. Heaksk hjirop wie noch in legere fleugel, dy't mooglik it koetshús mei stalling wie.
Tusken 1721 en 1881 feroare allinnich de geveltop, en waarden de krúsfinsters ferfongen troch skofinsters mei lytse rútsjes. De boereskuorre datearret fan om 1625 hinne of dêrfoar, wylst it koetshús fan nije datum west hat. Opfallend op de foto is ek noch dat de state ûnderkeldere wie.

BewennersBewurkje

  • ± 1625 - 1670 Carel fan Roorda
  • 1670 Sophia fan Roorda, troud mei Joannes fan Velsen
  • famylje Fan Velsen
  • famylje Fan Scheltinga
  • 1728 - 1732 Cornelis fan Scheltinga
  • 1732 - 1761 Arent Cornelis fan Scheltinga
  • 1761 - 1812 Cornelis van Scheltinga
  • - ± 1840 F.P.G. van Enschut
  • - 1881 Cornelis Bergsma

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: