Friezen om utens binne bûten Fryslân wenjende Friezen. Yn it bysûnder in oantsjutting fan dejingen dy't harren yn in Selskip organisearren yn binnen- of bûtenlân (Londen, Feriene Steaten en Kanada).

Troch de sterke emigraasje út Fryslân is it tal Friezen-om-utens grut. It earste geslacht hâldt meastentiids yn taal en libbenstyl de bân mei Fryslân fêst. Dêrnei geane de Friezen-om-utens meastal yn de nije mienskip op.
It orgaan fan it 'Bûn fan Fryske Selskippen bûten Fryslân dat fan 1933 ôf ferskynde hjit De Fries om utens.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H. e.a., red., Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier, 1958, trefwurd Friezen om utens.
  • Uden Masman, H., red., De Friezen buten Fryslân. Bitinkingsboek by it 25-jierich bistean fan it "Boun fan Fryske Selskippen bûten Fryslân", 1923-1948, Snits 1948