It Frisia-projekt is in archeologysk ûndersyk nei de sosjaal-politike ûntjouwing fan stammienskippen yn it Hollâns-Fryske kustgebiet yn de Romeinske tiid en iere Midsiuwen. It is in gearwurkingferbân tusken it Amsterdamsk Archeologysk Sintrum (Universiteit fan Amsterdam), it Ginzer Ynstitút foar Archeology (Universiteit fan Grins) en de Rykstsjinst foar it Aldheidkundich Boaiemûndersyk. It wurdt finansiearre troch de Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO).

Oanlieding fan dit projekt wie de opgraving fan de Terp Tsjitsma ûnder Winaam yn 1991/92. It Frisia-projekt is yn 1997 útein set en hat as doel om de ûndersyksresultaten fan Winaam fergelykje te kinnen mei dy fan oare fynstplakken.

Parallel oan it Frisiaprojekt waard noch in mearjierrich fjildwurkprojekt opset, it Regionaal Argelogysk Projekt Noardlik Westergoa, dat him meast rjochtet op oerbleaune taluds fan ôfgroeven terpen en wierden, de saneamde ‘steilkanten’.

Undersyksferrin bewurkje seksje

Yn it ramt fan it Frisia-projekt binne de terpen fan Winsum-Bruggebuorren (1997), Burdaard (1998), Doanjum (1998), Peins (1999) en Englum yn Grinslân (2000) ûndersocht.

Nei 2000 heakke it projekt wat troch it fuortgean fan de wichtichste ûndersikers, mar sûnt 2005 binne de steile kanten fan de terpen fan Wierum (2005) en Eanjum (2006) bleatlein en is it Englumer ûndersyk publisearre. Ek is doe in begjin makke mei it útwurkjen fan de opgravingen te Doanjum en Burdaard.

Teffens waard út ein set mei in mearjierrich ûndersyk nei terpoerbliuwsels (steile siden) yn Fryslân troch de Grinzer Universiteit; in gearwurkingsprojekt fan de provinsje Fryslân en de Rykstsjinst foar it Kultuereel Erfguod.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Louwrens Hacquebord, Terpenonderzoek in de eenentwintigste eeuw yn Noorderbreedte 12 febrewaris 2001.
  • H.A. Heidinga, Het Frisia-project yn Archeobrief (SNA) 1997.
  • De late prehistorie en protohistorie van holoceen Noord-Nederland, versie 2.0 Nationale onderzoeksagenda archeologie. Haadstik 12 Hjir te lêzen