Frederik Jacobus Booy, koartwei Frits Booy, (Alfen oan de Ryn, 17 desimber 1942) is in skriuwer, learaar, histoarikus en Sinterklaaskenner.

Frits Booy
skriuwer
Frits Booy by de presintaasje fan Duizend jaar Baarn
Frits Booy by de presintaasje fan Duizend jaar Baarn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frederik Jacobus Booy
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 desimber 1942
berteplak Alfen oan de Ryn
offisjele webside
Frits Booy yn de DBNL

Libben en wurk

bewurkje seksje

Booy groeide op yn Boskoop en folge in mo-b-learare-oplieding yn Den Haag. Hy wie 35 jier learaar Nederlânsk, Het Baarnsch Lyceum yn Baarn. Nei syn earder pensjoen bleau er as argivaris oan it Lyseum ferbûn.

Hy wie 35 jier learaar Nederlânsk', wêrfan goed tritich jier (1970-2001) oan it Baarnsk Lyseum yn Baarn. Bestjoerslid fan de Historische Kring Baerne. Wie in skoft bestjoersfoarsitter fan de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur en bestjoerslid fan de Stifting Nasjonaal Sint Nikolaas Komitee. Belutsen by organisaasjes as it Genootschap Bibliofielen en de Boekhistorische Vereniging. Ek ferskynden artikels fan syn hân yn ferskate tydskriften. Krige yn 2010 de Hieronymus van Alphenpriis út hannen fan Jant van der Weg. De priis wurdt takend oan ien dy't him ynset foar befoardering en ferbreding fan de kennis oer berne- en jeugdliteratuer. Booy skreau meardere artikels oer âlde berneboeken, wêrûnder Waardering en gebruik van negentiende-eeuwse kinderboeken (online op de DBNL).

Sinteklaaskultuer

bewurkje seksje

Frits Booy is in fûl strider foar it behâld fan it sinteklaasfeest fanwegen it weardefolle kultuerhistoaryske, sosjale en kreative karakter derfan. Hy is bestjoerslid fan de stichting Nationaal Sint Nicolaas Comité en mei-auteur fan Sint Nicolaas van A tot Z [ 3 ]. Hy skreau artikels oer sinteklaasletters, - gedichten en - surprises yn û.o. it tydskrift "Traditie" fan it Nederlands Centrum voor Volkscultuur en Immaterieel Erfgoed yn Utert en publisearre de oant no ta iennichste monografy oer Swarte Pyt: Op zoek naar Zwarte Piet. [1]. Yn Sinteklaastiid jout er lêzingen oer de histoarje fan de sinteklaaskultuer. Ta syn boekesamling hearre 150 Sinteklaasboeken.[2]

Regionale skiednis

bewurkje seksje

Booy is belutsen by de stichting foar regionale skiednis "Tussen Vecht en Eem". Fan it tydskrift "Tussen Vecht en Eem" hie Booy de einredaksje. Foar dy histoaryske ferienings skreau er oer de sân Sint-Nikolaastsjerken yn fjouwer plakken yn dy kontreien, sawol de midsiuwske as dy fan lettere tiid. Yn it Lieu de memoire toant er oan, dat de biskop yn it wapen fan Baarn Sint Nikolaas is. Ek toande er oan dat Napoleon Bonaparte nea yn Baarn west hawwe kin. Yn 2014 wie Booy mei-auteur en mei-einredakteur fan Duizend jaar Baarn: geschiedenis van een Eemlands dorp, dat ferskynde by gelegenheid fan it robinen jubileum fan de Historische Kring Baerne.

  • Waardering en gebruik van negentiende-eeuwse kinderboeken (1999) yn: Berry Dongelmans, Netty van Rotterdam, Jeroen Salman en Janneke van der Veer, Tot volle waschdom. Bijdragen aan de geschiedenis van de kinder- en jeugdliteratuur. Biblion Uitgeverij, De Haach 2000, d. 206, 225-238, 28
  • Op zoek naar Zwarte Piet. Een speurtocht naar de herkomst, de ontwikkeling en de betekenis van de dienaar van Sinterklaas. Twadde druk, fannijs besjoen. Stichting Nationaal Sint Nicolaas Comité (Eindhoven 2003), ISBN 978-90-9017443-3 (2008)
  • Als de morgenglans. Het Baarnsch Lyceum 1919-2004, yn'e mande mei Bert Natter en Gerard Brouwer (2004)
  • Sinterklaas zat te denken... Een korte geschiedenis van het sinterklaasgedicht yn: Literatuur, jiergong 20 (2003)
  • Reynaertsporen in de jeugdliteratuur (2001)
  • Symmetrie met effect in de Reynaert yn: Tiecelijn, jiergong 14 (2001)
  • Koninklijke kinderboeken (2002)
  • A A A Kijk dat kreeg ik van Papa! (II): over de overige publicaties van Jan Schenkman, yn Boekenpost: vol. 8, ôfl. 50 (nov.-des.), s. 4-7 (2000)
  • A A A Kijk dat kreeg ik van Papa!: over de prentenboeken van Jan Schenkman (2000)
  • Waardering en gebruik van negentiende-eeuwse kinderboeken (2000)
  • Aantrekkelijk - belangrijk - curieus: bijzondere abc-boeken voor de jeugd (2000)
  • Een verborgen genre in kinderprentenboeken (1998)
  • Kermisgeschenk voor Mijne Zeer Geliefde Zuster..., over geschreven en speciaal gedrukte mededelingen in of op kinder- en jeugdboeken (1998)
  • Van het jonge volkje: het boekenbezit van de drie kinderen uit één gezin in het eerste kwart van de twintigste eeuw (1998)
  • Sint Nicolaas van A tot Z, mei D. Billiet e.a. Eindhoven (1997)
  • Surprises uit mijn sinterklaasboeken (1996)
  • Mietje met het mes, over een kinderboek uit circa 1860 dat meermalen werd gefatsoeneerd (1996)
  • Ziet hoe Sint Niklaas zijn leven soms waagt. Op zoek naar de oudste sinterklaasboeken voor kinderen in Nederland, Jaarboek van het Nederlands Genootschap van Bibliofielen 1994 (1995)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Op zoek naar Zwarte Piet. Een speurtocht naar de herkomst, de ontwikkeling en de betekenis van de dienaar van Sinterklaas. Twadde, fannijs besjoene druk. Stichting Nationaal Sint Nicolaas Comité (Eindhoven 2003), ISBN 978-90-9017443-3 (2008)]
  2. Trouw, 15 novimber 1997