Frits Thors

Nederlânsk nijslêzer (1909-2014)

Alexander Frederik Paul (Frits) Thors (Amsterdam, 13 septimber 1909Laren, 19 april 2014) wie in Nederlânsk nijslêzer.

Frits Thors
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Frits Thors
Frits Thors
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexander Frederik Paul Thors
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 13 septimber 1909
berteplak Amsterdam
stoarn 19 april 2014
stjerplak Laren
wurkpaad
wurksum as Nijslêzer
medium Telefyzje
Radio
wurksum by NTS,
AVRO,
Nederlandsche Omroep,
Radio Herrijzend Nederland
jierren aktyf 19281979

Thors wie fral bekend as nijslêzer by it NTS-Sjoernaal fan 1965 oant 1972. Earst wie er de stim op de eftergrûn, letter kaam er yn byld mei syn karakteristike wite hier en swarte bril. Yn 1969 krige er in priis foar syn dúdlike útspraak.

Thors hie doe al in lange karriêre hân as radio-omropper by de AVRO. Hy makke syn mikrofoandebút yn 1928. Yn de Twadde Wrâldkriich wie er ien fan mar in pear omroppers dy't net wurkje woenen foar de lykskeakele Nederlandsche Omroep. Hy waard doe hanneler yn papiertou. Nei de befrijing wurke er foar Radio Herrijzend Nederland, de Nederlânske Seksje fan de BBC, CBC yn Kanada en Radio Nederlân Wrâldomrop. Nei syn tiid as nijslêzer wurke er oan syn pensjoen yn 1979 ta foar AVRO's Radiosjoernaal.

Doe't er 100 jier waard (13 septimber 2009) makke it NOS Sjoernaal in item yn de útstjoering fan 20 oeren. Yn 2012 wie de wilens 103-jierrige Thors ien fan de tolve âld-nijslêzers dy't ynterviewd waarden yn it boek De iconen van het NOS achtuurjournaal fan Babs Assink. Yn april 2013 spriek er yn in fraachpetear oer syn bân mei de Oranjes, benammen dy mei keninginne Beatrix.[1]

Thors wenne de lêste jierren fan syn libben yn het Rosa Spier Hûs yn Laren. Op it stuit fan syn ferstjerren wie er de âldste man fan Noard-Hollân.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Frits Thors (103): "Beatrix is voor mij nog steeds Trixie", Nick Muller, HP/De Tijd, 29 april 2013