Frysk-Drintske Oarloch

(Trochferwiisd fan Frysk-Drintske oarloch)

De Frysk-Drintske Oarloch of de Fryske oanfal op Drinte, 1231-1233, wie in oanfal fan in Frysk leger ûnder lieding fan Wilbrân fan Aldenboarch op Drinte.

Op 28 july 1227 sneuvele biskop Otto II mei in protte ridders by de Slach by Ane, yn Drinte. De opfolger fan Otto II, Wilbrân fan Aldenboarch, rôp de Friezen op him by te stean tsjin de opstannige Drinten.

Yn 1231 late dy sitewaasje ta oarloch. De kronykskriuwer fan de Quedam Narracio wiist der mei klam op dat de Friezen hielendal net ferplichte wienen om dizze militêre bystân te ferlienen. "It binne ommers frije mensen en frijsteld fan hurde hearskippij". Hy nimt oan dat hja dan ek allinne meidienen út suver en from meifielen "en ek om de ôflaat".

De belangstelling foar dizze oarloch wie sa grut dat it leger yn twa dield wurde moast. De striders ut Starum, Westergoa, it Nijlân (ynpoldere Middelsee), Boarnegoa en Smellingerlân kamen by Bakkefean by inoar. De oaren, dy't tusken Ljouwert en de Lauwers wennen, lutsen de Marne bylâns Grinslân yn en waarden oanfierd troch de biskop sels.

De oarloch wie gjin súkses. Krekt oarsom, de Friezen ferlearen de slach troch ferrie en der sneuvelen fyftich man, wylst in grut tal oaren troch de Drinten yn de boeiens slein waard. Foar it sieleheil fan de sneuvele Friezen waard by Mariënberch yn Oerisel in kleaster stifte.