Frysk Jeugd Orkest

(Trochferwiisd fan Frysk Jeugdorkest)

It Frysk Jeugd Orkest is in groep jonge amateurmuzikanten. It orkest hat in symfoanyske besetting fan hast sechtich leden en waard yn 1977 oprjochte troch Gerard van der Weerd. Sûnt 1997 stiet it orkest ûnder muzikale lieding fan Theo Brouwer.

It FJO hat in tal ensembles makke foar de oplieding fan de jeugd:

  • Foarklassen fioele (fan 7 jier ôf)
  • Foarklassen sello
  • Orkestklasse
  • De tuskenklasse
  • Frysk Jeugd Orkest

It orkest treedt op yn Fryslân en dêrbûten; sa waard in toernee makke yn de Feriene Steaten, Spanje, Itaalje, Tsjechje, Belgje, Dútslân en Hongarije. Der wiene ek útwikselings mei bûtenlânske selskippen. In 1998 de waard de CD single Eltse Grins Foarby mei De Kast opnomd. Der folgen konserten op ûnder oare it strân op De Lemmer, yn Ahoy (Rotterdam), it Gelredome (Arnhim en Vredenburg yn Utert. Neist it symfoanysk repertoire wurde ek filmmuzyk en musicalwurken spile.

Yn april 2006 waard it Frysk Jeugd Orkest winner fan it earste Nasjonaal Konkoers foar Jeugdorkesten yn De Doelen yn Rotterdam en yn jannewaris 2009 waard it orkest twadde. By de jubileumshow fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek yn it WTC yn 2009 fersoarge it orkest de muzyk yn it bywêzen fan keninginne Beatrix.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: