Sportferiening De Lauwers

(Trochferwiisd fan Fuotbalferiening De Lauwers)
SV De Lauwers
Oprjochte: 25 maart 1955
Plak: Warfstermûne
Kompleks: 't Meertenust
Kompetysje: sneons fiifde klasse C
Tenu
webstee SV De Lauwers

Sportferiening De Lauwers is in amateurfuotbalklup út Warfstermûne, gemeente Noardeast-Fryslân, provinsje Fryslân, Nederlân. De feriening waard oprjochte op 25 maart 1955 en makke oarspronklik diel út fan SV de Lauwers, dêr't ek de kuorbalferiening KV de Lauwers en in follybalferiening ta hearden. Underwilens bestiet allinnich de fuotbalôfdieling noch. It earste alvetal spilet syn thúswedstriden op Sportkompleks 't Meertenust yn de Fiifde klasse D sneon (2022/23).

Njonken Warfstermûne komme de leden benammen út de Fryske en Grinslânske doarpen Boerum, Fisfliet, De Pomp, Pitersyl en Muntsjesyl. De fjilden en it klupgebou fan de feriening binne te finen yn de buorskip Healwei.

Oan de basis fan it tenu en it logo fan de klup stiet de grinsrivier: De Lauwers. It thússhirt bestiet út in blauwe baan, symboal foar de rivier De Lauwers, op in wite ûndergrûn. De klupflagge hat deselde kleuren: twa wite banen en in blauwe yn it midden. Yn de boppeste wite baan is in reade ‘pompeblêd’ oanbrocht as symboal foar de Fryske kant fan De Lauwers, en yn de ûnderste wite baan is in read hartsje opnommen dat de Grinzer kant – de Ommelannen – symbolisearret. De flagge is, as Lauwersseeflagge, ûntwurpen troch master Van Kuiken yn gearwurking mei de Fryske Rie foar Heraldyk, dy't brûkt waard by de ôfsluting fan de Lauwerssee en mei in oanpassing yn de blauwe baan soe dy flagge fierder ek klupflagge fan ‘De Lauwers’ wurde. Yn de blauwe baan binne twa ringen yn giel oanbrocht as symboal foar de twa ôfdielingen fan de sportferiening: kuorbal en fuotbal. Yn it ferline wiene dit oarspronklik trije ringen, wêrfan de lêste foar de follybalferiening.

It Dijkstra Toernoai is in alle jierren weromkommend amateurfuotbaltoernoai dat plakfynt op it Sportkompleks fan VV de Lauwers.

Keppeling om utens

bewurkje seksje