Géjanna Buma (Eksmoarre) is in keatster út Boalsert. Se hat mei har maat Afke Hylkema 103 earste prizen wûn.

Jeugd bewurkje seksje

Yn har bertedoarp Eksmoarre wenne ek Sjouke de Boer dy't ek altyd in soad krânsen oan de muorre hingjen hie. Har earste maten wiene Monique Gjaltema en Alinda Kleefstra. Letter waarden dat Wiesje van der Berg en Sandra Goodijk. Noch wer letter waarden dy ynruile foar Afke Hylkema en Riska Hazenberg.

PC bewurkje seksje

Yn 1996 wie se ferliezend op de PC, mar de fjouwer jier dêrnei wûnen se de PC. Yn 2001 waard Riska Hazenberg ferfongen troch Wiesje van der Berg. Trije kear PC-winst en dêrnei twa oerwinnings mei Debora Oosterman as foarynse. Har trener wie doe Johannes Brandsma.

Oare prizen bewurkje seksje

Se wie yn 2006 twa kear Nederlânsk kampioen en wûn 9 kear de Froulju's PC. Sa wûn se de Klaas Kingma Sportpriis 2007. Dy priis wurdt om it jier útrikt oan in persoan of feriening út Boalsert dy't him ûnderskieden hat. Yn dat jier waard se ek winner fan it Jierklassemint en is yn 2008 oanfierster fan it Ivich keatsklassemint foar Froulju: 683 punten, 164 earste prizen, 62 twadde prizen, 9 kear de Froulju's-PC winst en twa kear it Frouljusbûn foar Boalsert. Yn har lêste keatsjier 2008 wûn se noch 16 krânsen en mei 59 punten twa punten mear as yn har topjier 2006.