Galileo Galilei

(Trochferwiisd fan Galilei)

Galileo Galilei (Pisa, 15 febrewaris 1564 - by Florâns, 8 jannewaris 1642) wie in Italjaansk natuerkundige, filosoof en astronoom. Hy wie heechlearaar yn Pisa en Padua. Yn Nederlân en Dútslân wurdt hy meastentiids oantsjutten as Galilei, yn de measte oare Jeropeeske lannen wurdt er by syn foarnamme neamd.

Galileo Galilei

Grûnlizzer fan de moderne astronomy

bewurkje seksje

Galilei brûkte as ien fan de earsten in tilleskoop en wie nei gedachten de earste dy't dy brûkte foar stjerrekundige observaasjes. Mei de tilleskoop ûntduts er fjouwer moannen fan Jupiter. Ek koe er de skynfoarmen fan de planeet Fenus sjen en kraters op de Moanne en bespeurde er "eat" oan beide siden fan Saturnus. (Letter die it bliken dat der ringen om de planeet lizze.)

Galilei wurdt beskôge as de heit fan de moderne stjerrekunde. Op grûn fan syn eigen waarnimmings fan Jupiter, moannen en de fazes fan Fenus en de teory fan Nikolaus Kopernikus kaam Galilei ta de konklúzje dat de sinne yn it mulpunt fan ús sinnestelsel stiet en de planeten, mei de Ierde, om de sinne draaie, de heliosintryske teory.

Foar dy tiid waard oannaam, op grûn fan de skriften fan Ptolemaeus, dat de ierde yn it mulpunt stie fan it hielal, en dat de sinne, de planeten en alle stjerren om de Ierde hinne draaiden. Dat wie ek ien fan de learstellings fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Nei in oantal jierren kaam Galilei dan ek yn konflikt mei de Tsjerke, alhoewol't hy altyd folhold te sizzen dat syn wurk mar in teoretyske beskriuwing ynhâlde, en net yn striid wie mei de Kristlike godstsjinst, dêr't hy sels ek in oanhinger fan wie. Hy wie fan betinken dat er allinnich sjen litten hie op hokker trochtochte wize de skepping fan God yninoar stiek.

 
Grêfmonumint fan Galilei yn Florâns
 
Stânbyld yn de Uffizy, Florâns

Nettjinsteande dat waard Galilei troch de Tsjerke twongen ôfstân te nimmen fan syn ûntdekkings, en waard hy yn in tsjerklik proses feroardiele ta libbenslang hûsarrest, fan 1633 oant 1642. Lykwols naam paus Urbanus VIII earst stappen tsjin Galilei doe't dy - op fersyk fan de paus om ferdúdliking fan syn stânpunten - in satiryske diskusje skreaun hie dêr't in persoan yn foarsteld waard dy't de offisjele opfetting fan de tsjerke ferwurde as in sleauwen-ien.

Yn 1633 wie Galilei al in âld man fan 69 jier. Oft hy nei it fernimmen fan dat fûnis yndied "Eppure si muove" (en dochs beweecht it - nammentlik de ierde om sinne) prevele hat is net wis, mar is al in bekende anekdoate.

Wylst Galilei ûnder hûsarrest stie, slagge it him in wichtich boek, dêr't syn nije ynsjoggen yn ferdigene waarden, Discorsi, e dimostrazioni matematiche, intorno à due nuoue scienze, nei it bûtenlân smokkelje te litten. Yn 1637 waard it yn Leien publisearre.

Yn 1737 waard it stoflik oerskot fan Galilei opgroeven en oerbrocht nei Santa Croce-tsjerke yn Florâns, dêr't tsjintwurdich in prachtich grêfmonumint is. By de opgraving waard om net dúdlike redens de mulfinger fan syn rjochterhân ôfkapt. Dit relikwy is te sjen yn it Museo di Storia della Scienza, ek yn Florâns.

Yn 1992 spruts paus Johannes Paulus II in ekskús út, wêrmei't Galilei's namme lang om let suvere waard en erkend waard dat Galilei sels in leauwich minske wie.

Oare ûntdekkings fan Galilei

bewurkje seksje
  • De slingertiid is net ôfhinklik fan de grutte fan it gewicht dat oan de slinger hinget, wat de basis west hat foar de ûntwikkeling fan suvere klokken mei slingers. De slinger dêr't hy dizze ûntdekking mei die is noch hieltiten te sjen yn de katedraal fan Pisa.
  • It bestean fan sinneplakken.
  • It feit dat de moanne kraters hat en net glêd is sa't Aristoteles tocht.
  • Grûnslaggen fan de lettere dynamika fan Newton: de fersnelling fan fallende foarwerpen is net ôfhinklik fan harren massa. De snelheid fan in foarwerp bliuwt itselde as der gjin krêft op wurket.
  • De wet fan de traachheid.
  • It prinsipe fan relativiteit op it mêd fan de klassike meganika.
  • De Galileitermometer.
  • Dat de moannen fan Jupiter om de planeet hinne draaiden, wat er mei de tilleskoop byhâlde koe.
  • Ferklearing foar de fazen fan Fenus, troch in better wrâldbyld.

Ferneamd nei Galileo Galilei

bewurkje seksje
  • P. van der Hoeven, Galilei. Baarn, Het wereldvenster. - 142 siden (Gint)