Gemeentehûs fan Moarrewâld

It âlde gemeentehûs yn Moarrewâld is in monumintaal pand oan de Haadwei yn Damwâld. Damwâld ûntstie yn 1971 doe't de doarpen Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld gearfoege waarden.

It gemeentehûs yn 1927, dêrneist de 'Krúswei'.
Alde gemeentehûs fan Dantumadiel yn Damwâld (foar 1971 Moarrewâld) anno 2010

Skiednis bewurkje seksje

It âlde gemeentehûs yn Moarrewâld is fan 1881. Op 15 febrewaris fan dat jier besluet de gemeenteried fan Dantumadiel om it gemeentehûs te ferpleatsen fan Rinsumageast nei it haadplak moarrewâld om de geunstiger lizzing oan de haadwei fan Feanwâlden nei Dokkum. Nettsjinsteande ferset út de ried waard de bou yn augustus 1881 gund oan B.D. Kalma út Wânswert.[1][2] Yn datselde jier 1881 waard ek it neistlizzende herberch anneks tramhalte "de Krúswei" boud. It gemeentehûs wie in ûntwerp fan de gemeentearsjitekt Jan Willems Duyff. Op 10 jannewaris 1882 waard it gemeentehûs yn gebrûk nomd en is oant de santiger jierren fan de 20e iuw brûkt. Doe kaam it gemeentehûs yn de Rinsmastate yn Driezum,[3][4] ea de wenning fan de fûlste tsjinstanner fan de festiging fan it gemeentehûs yn Moarrewâld, baron Van Sytzama.

De yngong fan it âlde gemeentehûs sit mei in bordes yn it foarútspringend gedielte yn de midden fan de foargevel. Boppe de yngong sit in balkon rêstend op twa konsoles. It gemeentewapen yn de healrûne bekroaning derboppe is, neidat it pand syn oarspronklike funksje ferlear, ferdwûn.

It gebou is erkend as in ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante d.d. 25 july 1881: [1], de grutste tsjinstanner fan de ferpleatsing fan it gemeentehûs wie baron Van Sytzama, eigener fan de Rinsmastate, dy't mei trije oare riedsleden beswier oantekene hie by de kening.
  2. Ljouwerter Krante d.d. 29 augustus 1881: [2]
  3. Damwaldnet: Murmerwoude
  4. Yn 1999 waard in nij gemeentehûs yn gebrûk nomd, wer yn Damwâld. De Rinsmastate waard ferkocht oan de ûndernimmer Dirk Scheringa.