Georgius Pachymeres
Georgios Pachymeres (Nisea, 1242 - Konstantinopel, 1310) (Gryksk: Γεώργιος Παχυμέρης) wie in Byzantynske gelearde, dichter en skriuwer.
Libben
bewurkje seksjeNei de fal fan Konstantinopel 1204 flechte Pachymeres syn heit nei Nisea yn Bitynje (Turkije), dêr't syn soan grutbrocht wurde soe. Georgius Pachymeres ferfear yn 1261 nei Konstantinopel en waard dêr wijd ta pryster en studearre dêr ek Rjocht. Hy wie dosint oan de hegeskoalle fan de Hagia Sofia. Hoewol't Pachymeres tsjin it byelkoar gean fan de Katolike- en de Ortodokske Tsjerke wie, bleau er frijwat neutraal yn syn geskriften, dy't it dispút tusken Michael VIII en Andronikos II behannelen. [1]
Ek fan belang wie syn kompindium fan 13 boeken (Syngraphikai historiai), dy't allegear de Byzantynske skiednis behannelen en dy't as fuortsetting fan Georgios Akropolites syn wurk beskôge wurden kin.
Pachymeres wie ek dwaande mei oare wittenskiplike disiplines: sa garre er in samling geskriften fan Aristoteles en publisearre er hânboeken oer astronomy, wiskunde en muzyk.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- lemma yn de Classic Encyclopedia
- Opera Omnia by Migne Patristica Graeca mei analityske yndeksen
- G. Pachymeres, Hierocles en Philagrios, Declamationes XIII, Philogelos.
- G. Pachymeris, De Michaele et Andronico Paleologis, Bonn, 1835., Grykske en Latynske tekst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|