Gerard van der Weerd
Gerard van der Weerd (Venlo, 4 oktober 1930 - Ljouwert, 18 febrewaris 2012) wie grûnlizzer fan it Frysk Jeugd Orkest en dirigearre dêr fan 1977-1997.
By it jubileumkonsert yn teater De Harmonie fan 35 jier FJO waard de 80-jierrige âld-dirigint ûnder lûd applaus nei it poadium roppen, maar nei inkele maten fan de Moulinet Polka fan Strauss ûnder syn direksje sakke hy yn elkoar. Hy soe dy jûn noch huldige wurde op de reüny en hie tal anekdoates fertelle sild. As dirigint woe Van der Weerd eins gjin sjongeres by it orkest hawwe en wiisde destiids Miranda van Kralingen ôf foar dy rol.
Van der Weerd wie âld-soloklarinettist fan it Frysk Orkest en ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|