Gerrit de Vries
Gerrit de Vries (Aldeberkeap, 13 maaie 1967) is in earder Fryske hurdfytser.
Gerrit de Vries | ||
sporter | ||
Gerrit de Vries (1986) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 13 maaie 1967 | |
berteplak | Aldeberkeap | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 186 sm | |
gewicht | 75 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
earste titel | Wrâldkampioen 100 km ploegentiidrit (1986) | |
debút | 1986 | |
karriêre-ein | 1997 | |
wichtige prestaasjes | ||
4de etappe Stjer fan Bessèges (1990) |
Mei John Talen, Tom Cordes en Rob Harmeling waard Gerrit de Vries yn 1986 wrâldkampioen op de 100 km ploegetiidrit yn Colorado Springs. Hy die mei oan de Olympyske Spullen fan 1988 yn Seoel (Súd-Korea) en einige dêr as alfte. Hy die tusken 1990-1997 sân kear mei oan de Omgong fan Frankryk, wêrfan er yn 1991 twadde waard yn it jongereinklassemint. Yn 1992 foel er út troch in bekkenbreuk. Hy ried ûnder oaren foar de ploegen Superconfex, Buckler, TVM en Team Polti. Tusken 1989 en 1997 wie Gerrit de Vries profesjonal.
Tsjintwurdich wennet er yn Swol en is er fertsjintwurdiger yn sportklean. Gerrit de Vries is troud en heit fan twa bern.
Wichtichste oerwinnings bewurkje seksje
1986
- Wrâldkampioen 100 km ploegentiidrit (mei John Talen, Tom Cordes en Rob Harmeling)
1990
- 4de etappe Stjer fan Bessèges
Resultaten Omgong fan Frankryk bewurkje seksje
Ploegen bewurkje seksje
- 1989 - Superconfex-Yoko
- 1990 - Buckler
- 1991 - Buckler
- 1992 - Buckler
- 1993 - TVM-Bison Kit
- 1994 - Novemail-Histor
- 1995 - Novell
- 1996 - Team Polti
- 1997 - Team Polti
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |