De gerzen (Gramineae of Poaceae; beide nammen binne tastien) binne in famylje fan it skift fan 'e gerseftigen (Poales). Ta dizze famylje hearre goed 8.000 plantesoarten. De gerzen binne ien fan de súksesfolste groepen planten op 'e ierde. It blêd wurdt troch weidzjende bisten opiten en de sieden, it nôt foarmet sa'n 80% fan it minsklik iten. In foarnaam part fan de rest fan ús iten wurdt foarme troch weidzjende dieren dy't ek wer fan gers ôfhinklik binne. Koartsein, ús ôfhinklikens fan de famylje fan de gerzen bedraacht sa'n 95% fan ús ferlet fan iten.

gerzen
Ingelsk raaigers (Lolium perenne).
Ingelsk raaigers (Lolium perenne).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): iensiedblêdigen
(sûnder rang): kommeliniden
skift: gerseftigen (Poales)
famylje: gerzen (Poaceae)
Barnhart, 1895

It beweide gers kin sa suksesfol wêze omdat it syn ynvestearring benammen ûnder de grûn hâldt. It bewarret syn fiedselfoarrie yn de woartels. Dat makket dat it alhiel net slim is, wannear't in weidzjend bist alle blêden mei sprietfoarm boppe de grûn opyt, want yn koarte tiid waakst der alwer nij blêd út de enerzjyreserves yn de woartels. Ek in steppebrân makket it gers neat út.

It gers foarmet in soartemint symbioaze mei de weidzjende bisten, troch in fan wjerskanten ôfhinklikens: De bisten binne ôfhinklik fan it gers, mar it gers is dat ek fan de bisten, omdat de bisten net allinnich it gers opite mar ek oare planten dy't oars heger groeie soene as it gers en it wichtige sinneljocht fuort helje soene.