Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum

Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum (Latynsk foar "Skiednis fan de Biskoppen fan Hamburch") is in skiedkundige ferhanneling dat tusken 1073 en 1076 skreaun is troch Adam fan Bremen, dy't der stikken oan tafoege (scholia) hat oant syn dea yn 1081 of 1085. It is ien fan de wichtichste boarnen fan de midsiuwske skiednis fan Noard-Jeropa en de âldste skreaune boarne dy't de ûntdekking fan de eastkust fan Noard-Amearika neamde. It beskriuwt de gânse Wytsingetiid, fan it stiftsjen fan it bisdom ûnder Willehad yn 788 oant it bestjoer ûnder prinsbiskop Adalbert yn Adam syn eigen tiid. De tekst besprekt wiidweidich de skiednis fan de bisdom Bremen-Hamburch en syn biskoppen. Om't de biskoppen wetlik foech hiene oer it sindelingswurk yn Skandinaavje wurdt it Noarske heidendom ek beskreaun.
It bestean fan it wurk wie fergetten yn de lette midsiuwen, oant it yn de sechtjinde iuw weromfûn wie yn de bibleteek fan it Kleaster Sorø yn Denemark.

Begjin fan boek 1 yn de manuskkript fan Wenen Codex Vindobonensis 521 fol. 3r
Earste side fan de descriptio insularum aquilonis yn de manuskript fan Wenen (Codex Vindobonensis 521, fol. 69v)

De ferhanneling bestiet út de folgjende ûnderdielen:

  • in foarwurd, rjochte oan biskop Liemar
  • Boek 1: Skiednis fan it bisdom Bremen en (nei 845) Hamburch-Bremen (788–940)
  • Boek 2: Skiednis fan it aartsbisdom Hamburch-Bremen (940–1045)
  • Boek 3: Libbensbeskriuwing fan aartsbiskop Adalbert fan Hamburch (r. 1043–1072)
  • Boek 4: Descriptio insularum aquilonis: Geografyske beskriuwing fan Noard-Jeropa
  • M. Adami epilogus ad Liemarum episcopum: In wijing oan biskop Liemar yn heksameters