In geweargroep, yn 'e popkultuer better bekend mei de Ingelske term squad, is de lytste militêre ienheid dy't der is. It is in ûnderdiel fan in seksje of, as de triem fan seksje fuortlitten wurdt (ôfhinklik fan hokker kriichsmacht it om giet) fan in peloton. In geweargroep bestiet yn 'e Nederlânske Keninklike Lânmacht ornaris út tsien persoanen en yn it Nederlânske Korps Mariniers út acht man; yn it Amerikaanske Leger giet it om trochinoar acht oant fjirtjin manskippen.

It symboal fan 'e NATO foar in geweargroep.

Sa'n ienheid stiet ûnder lieding fan in ûnderofsier, almeast in sersjant. Dat is dan yn it militêr jargon de groepskommandant of GPC. Dyselde wurdt bystein troch in pleatsferfangend groepskommandant, meastal in korporaal. Geweargroepen wurde benammen ynset by patrûljes en foar de befeiliging en ferovering fan gebouwen troch de lânmacht en mariniers, om't foar operearjen yn beheinde romten ferlet is lytse ienheiden. Teffens wurde geweargroepen ynset foar militêre operaasjes wêrby't mariniers of kommando's yn lytse groepkes fier efter de linys fan 'e fijân aktyf binne.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.