Gezina van der Zwaag

Gezina van der Zwaag (1976) is in Frysk sjongster út Gytsjerk.

Gezina van der Zwaag
sjonger en/of muzikant
Gezina van der Zwaag hjerstkonsert Oentsjerk
Gezina van der Zwaag
hjerstkonsert Oentsjerk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gezina van der Zwaag
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1976
berteplak Ryptsjerk (boarne?)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre sjanson, funk, fado
sjongtaal Frysk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Portegeesk
ynstrumint trompet, bugel
grutste hit(s) Gabriella's Liet
jierren aktyf 2009 - no
offisjele webside
facebookside Gezina van der Zwaag

Libben bewurkje seksje

As famke spilet se earst blokfluit, letter trompet. Dêrnei spile se jierren bugel en trompet yn ferskate fanfares en brassbands. Nei har stúdzje vwo en heao mei as spesjalisaasje talen (Ingelsk, Frânsk, Dútsk en wat Spaansk) en pr-kommunikaasje. Op in wrâldreis, dêr't se ek as strjitmuzikant optreedt, wurdt har passy foar sjongen hieltiten grutter.

 
Gezina van der Zwaag
Spegel

Yn 2002 giet se nei it konservatoarium yn Swol, rjochting sang-lichte muzyk. Se moast har klassike eftergrûn dêr omsette yn lichte muzyk. Har foarbylden dêrby binne Jacques Brel en Ramses Shaffy. Yn 2009 studearre se ôf mei it eineksamenkonsert ‘Spegel’ yn De Harmonie fan Ljouwert mei in mjuks fan Frânske sjansons oant funk en fan jazz oant Fryske en Portegeeske fado fan Nynke Laverman.

Dêrnei treedt se faker mei pianist of gitarist as duo op, of mei in gelegenheidsband. Se sjongt ek as gastsoliste by koaren en orkesten. Har brede muzikale belangstelling soarget dêrby foar in breed repertoire.

Yn 2008 makket se namme mei it nûmer Gabriella's Liet (út de film: As it is in Heaven dat se mei brassband De Bazuin út Oentsjerk by it Falentynskonsert hearre lit. Se song dat jier ek yn Peazens-Moddergat yn it Fryske iepenloftspul Oer de seedyk. As sjongdosinte jout se yndividuele lessen oan hûs, mar wie ek ferbûn oan Parnas, Sintrum foar de Keunsten, yn Ljouwert. Se late boppedat in pop- & musicalkoar en joech stimûnderrjocht by in gospelkoar. Inkeldris jout hja workshops op it mêd fan sjongen, bygelyks by koaren, famylje- of bedriuwsútsjes.

Diskografy bewurkje seksje

  • Kontrast (maaie 2012, CD) EAN 8714835093961
mei oaren
  • It beste ut de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslan 5 (2014, CD) EAN 8714835107354

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: