Gil Birmingham

Gil Birmingham (San Antonio, 13 july 1953) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimakteur fan Yndiaansk komôf. Hy waard it bekendst mei syn fertolking fan 'e rol fan Billy Black yn The Twilight Saga-filmsearje, en mei syn weromkearende rol as Virgil White yn 'e tillefyzjesearje Unbreakable Kimmy Schmidt. Birmingham hat ek spile yn films as The Doe Boy, Hell or High Water en Wind River, en de tillefyzjesearje Body & Soul en de tillefyzjefilm Dreamkeeper.

Gil Birmingham
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gil Birmingham
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 13 july 1953
berteplak San Antonio (Teksas)
etnisiteit Flagge fan de Komantsje Naasje fan Oklahoma.PNG Komantsje (Comanche)
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
www.gilbirmingham.com

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Birmingham waard yn 1953 berne yn 'e stêd San Antonio, yn it wesltike part fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Syn beide âlden wiene Yndianen en hearden ta it folk fan 'e Komantsjen (Comanche). Om't syn heit yn it Amerikaanske Leger tsjinne, ferhuze it gesin gauris en groeide Birmingham yn in grut tal ferskate plakken op. Hy learde al ier gitaarspyljen en beskôget muzyk as syn "earste leafde". Nei't er mei in bachelorgraad ôfstudearre oan 'e Skoalle foar Belied, Planning en Untwikkeling fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC), wurke er as yngenieur yn 'e petrogemyske yndustry.

AktearkarriêreBewurkje

Yn 'e iere 1980-er jierren waard Birmingham 'ûntdutsen' troch in talintescout wylst er oefenings die yn in sportskoalle. Hy wie yn dy tiid yn 'e besnijing rekke fan bodybuilding en hie sels oan inkele wedstriden op dat mêd meidien. Troch tuskenkomst fan 'e scout kaam er foar it earst mei aktearjen yn oanrekking, doe't er yn 1982 meiwurke oan 'e fideoklip fan it nûmer Muscles fan sjongster Diana Ross. Neitiid begûn Birmingham aktyf te besykjen om in aktearkarriêre fan 'e grûn te krijen. Hy folge aktearlessen by Larry Moss en Charles E. Conrad, en ferfolle in skoft de live-rol fan it bekende fantasypersonaazje Conan de Barbaar yn 'e attraksje The Adventures of Conan: A Sword and Sorcery Spectacular, yn it ferdivedaasjepark fan Universal Studios yn Hollywood.

Yn 1986 makke Birmingham syn debút op 'e Amerikaanske tillefyzje mei in lyts roltsje yn in ôflevering fan 'e aksjesearje Riptide. De folgjende jierren hied er gastrollen yn ôfleverings fan û.m. de soapsearje Falcon Crest, de fantasysearje Buffy the Vampire Slayer (ôflevering Inca Mummy Girl), en de westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman. Ek wurke er as stimakteur mei oan û.m. de tekenfilmsearje The Legend of Calamity Jane en in ôflevering fan The Wild Thornberrys. De earste kear dat Birmingham yn in film ferskynde, wie yn 1987 yn House II: The Second Story, mar dat wie amper mear as in figuranteroltsje. Yn 1999 liende er syn stim oan it personaazje Ghostalker yn it fideospultsje Command & Conquer: Tiberian Sun.

Yn 2001 hie Birmingham syn echte debút yn in film, doe't er de rol fan Manny Deadmarsh spile yn it bekroande The Doe Boy. Neitiid spile er ek yn films as Skins (2002), No Man's Land: The Rise of Reeker (2008) en Love Ranch (2010), mei Joe Pesci en Helen Mirren. Yn 2008 liende er syn stim oan it personaazje Nashoba yn 'e tekenfilm Turok: Son of Stone. Datselde jiers waard Birmingham cast yn 'e rol fan Billy Black yn 'e film Twilight, it earste diel fan The Twilight Saga-filmsearje. Dêrmei rekke er bekend by in breder publyk. Dyselde rol spile er letter op 'e nij yn 'e films The Twilight Saga: New Moon (2009), The Twilight Saga: Eclipse (2010), The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 (2011) en The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 (2012).

Yn 'e 2000-er jierren wie Birmingham fierders op 'e tillefyzje te sjen yn gastrollen yn searjes as Family Law, V.I.P., Medical Investigation, Charmed, Veronica Mars, Nip/Tuck, 10 Items or Less, Castle en The Mentalist. Ek hied er in weromkearende rol as Oz yn acht ôfleverings fan 'e sikehûssearje Body & Soul, wêrfoar't er yn 2002 in FAITA Award yn 'e kategory 'treflik optreden' wûn. Yn 2005 waard er cast as de âldere Dogstar yn Steven Spielberg syn seisdielige minysearje Into the West. Fierders spile Birmingham ek yn ferskate tillefyzjefilms, lykas Gentle Ben (2002), Dreamkeeper (2003), dêr't er in American Indian LA Film and Television Award mei wûn foar bêste byrol, en Love's Long Journey (2005), mei Erin Cottrell en Irene Bedard.

Yn 'e 2010-er jierren hie Birmingham weromkearende rollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder The Lying Game, Banshee, House of Cards (as Daniel Lanagin), en Siren. Ek hied er gastrollen yn û.m. de aksjesearje Vegas en de plysjesearje NCIS: Los Angeles. Ien fan syn bekendste rollen hie Birmingham, doe't er fan 2015 oant en mei 2017 yn sân ôfleverings fan 'e searje Unbreakable Kimmy Schmidt de rol fan Virgil White spile. Yn 2011 wurke er as stimakteur mei oan 'e westerntekenfilm Rango. Fierders hied er rollen yn films as Shouting Secrets (2011), Crooked Arrows (2012), The Lone Ranger (2013), The Space Between Us (2017), Transformers: The Last Knight (2017) en Saint Judy (2018).

Yn 'e misdiefilm Hell or High Water (2016) spile Birmingham de rol fan Texas Ranger Alberto Parker, en datselde jiers fertolke er de rol fan T.B. Thompson, de heit fan aktrise Te Ata Fisher yn 'e troch de Tsjikkesou Naasje produsearre biografyske film Te Ata. Hy wenne de premiêre fan dy lytse produksje by yn Moore, yn Oklahoma, op 13 septimber 2016. Yn 'e neo-western Wind River, regissearre troch Taylor Sheridan, wie Birmingham te sjen as de roujende heit fan in fermoarde en ferkrêfte dochter. Fan 2018 ôf hied er de fêste rol fan Thomas Rainwater yn 'e ek troch Sheridan regisearre dramasearje Yellowstone, mei û.m. Kevin Costner. Yn febrewaris 2021 waard oankundige dat Birmingham de rol fan Charlie Bass spylje sil yn 'e oankommende skrillersearje Pieces of Her, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Karin Slaughter.

FilmografyBewurkje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1986 Riptide plysjeman gastrol; ôfl. Chapel of Glass
1987 Falcon Crest helpsheriff gastrol; ôfl. Desperation
1997 The Legend of Calamity Jane ferskate personaazjes as stimakteur; 13 ôfl.
1997 Buffy the Vampire Slayer Perûviaanske man gastrol; ôfl. Inca Mummy Girl
1997 Night Man Vargas gastrol; ôfl. I Left My Heart in San Francisco
1997 Dr. Quinn, Medicine Woman kriger #1 gastrol; ôfl. Safe Passage
1999 The Wild Thornberrys heit fan Jim as stimakteur; gastrol; ôfl. Tamper Proof Seal
2001 Family Law Bernard gastrol; ôfl. Americans
2001 V.I.P. Roland gastrol; ôfl. Uncle from V.A.L.
2002 Gentle Ben Pete tillefyzjefilm
2002 Body & Soul Oz weromkearende rol; 8 ôfl.
2003 Gentle Ben 2 Pete tillefyzjefilm
2003 The Lone Ranger One Horn pilotôflevering fan in net makke westernsearje
2003 Dreamkeeper Sam tillefyzjefilm
2005 Medical Investigation Walter Shephard gastrol; ôfl. Tribe
2005 Into the West de âldere Dogstar minysearje, 4 ôfl.
2005 Love's Long Journey Sharp Claw tillefyzjefilm
2006 Charmed opperhaad gastrol; ôfl. Payback's a Witch
2006 Veronica Mars Leonard Lobo gastrol; 2 ôfl.
2009 Nip/Tuck medisynman gastrol; ôfl. Budi Sabri
2009 10 Items or Less John Greene gastrol; ôfl. Dances with Groceries
2010 Castle Cacaw Te gastrol; ôfl. Wrapped Up in Death
2010 The Mentalist Markham Willis gastrol; ôfl. Aingavite Baa
2012 The Lying Game Ben Whitehorse weromkearende rol; 3 ôfl.
2012 Wilfred Red Wolf gastrol; ôfl. Questions
2012 Vegas Don Simmons gastrol; 2 ôfl.
2014 Banshee George Hunter weromkearende rol; 5 ôfl.
2014 House of Cards Daniel Lanagin weromkearende rol; 4 ôfl.
2015–2017 Unbreakable Kimmy Schmidt Virgil weromkearende rol; 7 ôfl.
2016 Dr. Del Crow tillefyzjefilm
2017 Animal Kingdom Pearce gastrol; ôfl. Betrayal
2018-2020 Siren sheriff Dale Bishop weromkearende rol; 14 ôfl.
2018–no Yellowstone opperhaad Thomas Rainwater fêste rol
2019 NCIS: Los Angeles kaptein-op-see Steven Douglas    gastrol; slotôfl. fan it seizoen
2021 Pieces of Her Charlie Bass weromkearende rol
20?? Under the Banner of Heaven Bill Taba minysearje
films
1987 House II: The Second Story kriger
1996 Le Jaguar liifwacht fan Kumare
2001 The Doe Boy Manny Deadmarsh
2002 Skins Sonny Yellow Lodge
2005 End of the Spear Moipa
2007 Cosmic Radio stamâldste
2008 Turok: Son of Stone Nashoba as stimakteur
2008 No Man's Land: The Rise of Reeker Eaglesmith
2008 Twilight Billy Black
2009 The Twilight Saga: New Moon Billy Black
2010 Love Ranch sheriff Johnny Cortez
2010 The Twilight Saga: Eclipse Billy Black
2011 Rango Wounded Bird as stimakteur
2011 Shouting Secrets Cal Bishnik
2011 The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 Billy Black
2011 California Indian Charles "Chi" Thomas
2012 Crooked Arrows Ben Logan
2012 The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2    Billy Black inkeld fermeld op 'e ôftiteling
2013 The Lone Ranger Red Knee
2016 Hell or High Water Alberto Parker
2017 Wind River Martin Hanson
2017 The Space Between Us medisynman Neka
2017 Transformers: The Last Knight opperhaad Sherman
2018 Saint Judy Michael Bowman
20?? The Marsh King's Daughter ?
fideospultsjes
1999 Command & Conquer: Tiberian Sun Ghosttalker as stimakteur

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.