Giovanca (útspr.: ['ʤo:vaŋka], likernôch: "dzjovanka"; folút: Giovanca Desire Ostiana; Alkmar, 22 maart 1977) is in Nederlânsk sjongster, lietsjeskriuwster en model fan etnysk Kurasausk komôf. Hja wurke yn 't earstoan benammen as eftergrûnsjongster, mar sette yn 2006 útein mei in solokarriêre. Troch optredens yn û.m. it tillefyzjeprogramma De Wereld Draait Door krige se bekendheid by in breder publyk. Fan 2017 ôf wie Giovanca ek aktyf as presintatrise, earst by de VPRO en letter út namme fan 'e EO.

Giovanca
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Giovanca Desire Ostiana
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 maart 1977
berteplak Alkmar (Noard-Hollân)
etnisiteit Kurasausk
wurkpaad
sjenre jazz, soul
sjongtaal Ingelsk, Nederlânsk
grutste hit(s) As Long As We're in Love
On My Way
jierren aktyf 2006 – no
prizen Sulveren Harpe 2010
offisjele webside
www.giovanca.nl

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Giovanca waard yn 1977 berne yn it Noardhollânske Alkmar en is fan Antiljaansk, op persiis te wêzen Kurasausk, komôf. Se folge de middelbere skoalle oan it Keizer Karel Kolleezje yn Amstelfean en studearre dêrnei ortopedagogyk oan 'e Universiteit fan Amsterdam, dêr't se yn 2007 in mastergraad yn helle.

Sjongkarriêre bewurkje seksje

Om't se in wurkpaad yn 'e muzykyndustry neistribbe, wie Giovanca al ier as eftergrûnsjongster aktyf. Yn dy hoedanichheid wurke se gear mei û.m. Izaline Calister, de Rootsriders, Jhelisa Anderson, Benny Sings en Noisia. Yn 2006 begûn se oan in solokarriêre as sjongster. Begjin 2007 wie Giovanca ien fan 'e acht sjongsters fan wa't wurk útbrocht waard op 'e cd The Mighty 8, fan it Nasjonaal Popynstitút. Oan 'e ein fan datselde jier stie se yn 'e hitparade mei it nûmer As Long As We're in Love, in duët mei Wouter Hamel.

Yn 'e rin fan 2007 kaam Giovanca foar it earst ferskate kearen op 'e Nederlânske lanlike tillefyzje, û.m. yn programma's as De Wereld Draait Door en Pauw & Witteman. Teffens ferskynden der artikels oer har yn û.m. de krante Het Parool en it tydskrift Nieuwe Revu. Yn maart 2008 kaam har debútalbum as solosjongster út, mei as titel Subway Silence. De earste single fan dy cd, On My Way, joech oanlieding ta live-optredens op 'e tillefyzje en radio by û.m. Raymann Is Laat, GIEL en Goedemorgen Nederland.

Giovanca har twadde album, While I'm Awake, dat yn 2010 útkaam, waard yn Nederlân in gouden plaat. Op 3 maart fan dat jier ûntfong hja boppedat út 'e hannen fan sjonger Frank Boeijen de Sulveren Harpe, in oanfiteringspriis foar oanstoarmjend talint. Giovanca har trêde solo-album, Satellite Love, ferskynde yn septimber 2013. Hja sjongt benammen lieten fan de sjenres jazz en soul. Troch har oanhâldende optredens yn fral De Wereld Draait Door hat se ek bekenheid krigen by lju dy't net drekt belangstelling foar dat soarte muzyk hawwe.

Fan jannewaris 2017 oant en mei desimber 2019 wie Giovanca presintatrise fan it VPRO-tillefyzjeprogramma Vrije Geluiden, dêr't se Melchior Huurdeman opfolge. Fan begjin jannewaris 2020 ôf foarme Giovanca tegearre mei Tijs van den Brink ien fan 'e fiif presintaasjeduo's fan it nije praatprogramma Op1, op NPO 1. Giovanca en Van den Brink presintearren dat programma út namme fan de Evangelyske Omrop.

Priveelibben bewurkje seksje

Giovanca wennet yn Amsterdam. Op 3 april 2016 waard har dochter Jesamy berne. De heit is har freon Niels Nieuborg. Giovanca set har ek yn foar goede doelen; sa is hja as ambassadrise fan Plan Nederlân û.m. aktyf west yn Sierra Leöane.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

  • 2007 – Unsigned: The Mighty 8 (mei The Mighty 8)
  • 2008 – Subway Silence
  • 2010 – While I'm Awake (goud yn Nederlân)
  • 2013 – Satellite Love

Singles bewurkje seksje

  • 2007 – As Long As We're in Love (mei Wouter Hamel)
  • 2008 – On My Way
  • 2008 – Joyride
  • 2009 – Hypnotize You
  • 2009 – Free
  • 2010 – Drop It
  • 2011 – Wereldwijd Orkest (mei it Metropole Orkest en Vince Mendoza)

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side.