Girlfriends Films

Girlfriends Films is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn it Kalifornyske Valencia. It bedriuw bestiet sûnt 2002 en leit him benammen ta op 'e produksje fan pornografyske films fan it subsjenre fan 'e lesbyske pornografy.

Girlfriends Films
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Valencia (Kalifornje)
oprjochte 2002
oprjochter Dan O'Connell en Moose
offisjele webside
www.girlfriendsfilms.net

Skiednis bewurkje seksje

Girlfriends Films waard yn 2002 yn Reseda oprjochte troch Dan O'Connell en in twadde pornoregisseur dy't gebrûk makket fan 'e skûlnamme Moose ("eland"). Yn 2002 tsjinnen dy beide as direkteur, resp. ûnderdirekteur fan 'e studio. Yn desimber 2012 ferhuze de studio nei Valencia. Op 1 jannewaris 2014 waard bekendmakke dat Moose it oandiel fan O'Connell yn it bedriuw opkocht hie. O'Connell is noch altyd eigner fan Groundwork Visions, de eigentlike studio, dy't films makket dy't eksklusyf útbrocht wurde troch Girlfriends Films.

Wurkmêd bewurkje seksje

Oars as de measte pornografyske filmstudio's, dy't lesbyske pornografy gauris as bykomstichheid beskôgje, hat Girlfriends Films him eksklusyf talein op dat subsjenre fan 'e pornografy. Dêrby skriuwt en regisearret Dan O'Connell 95% fan 'e films. Hy hat sein dat Girlfriends Films war docht om echte lesbiënnes en biseksuële froulju te finen, ynstee fan heteroseksuële aktrises yn te setten dy't gay-for-pay binne.

Girlfriends Films stiet der ek om bekend dat it in protte oan filantropy docht. Eltse moanne wurdt ien fan 'e aktrises út 'e films fan 'e studio oanwiisd, dy't dan in goed doel útkieze mei, wêroan't Girlfriends Films yn har namme $1000 skinkt. Organisaasjes dy't sa'n skinking ûntfange meien hawwe, binne û.m. Planned Parenthood, in organisaasje dy't him taleit op sûnens by fuortplanting; Lambda Legal, in boargerrjochte-organisaasje dy't him yn set foar homo's, lesbiënnes, biseksuëlen, transseksuëlen en lju mei HIV en AIDS; en it publike radionetwurk NPR.

Yn 'e media bewurkje seksje

Yn 2011 hie it CBS 4 Nightly News yn Miami in reportaazje oer de tanimmende oanwêzigens fan 'e Amerikaanske pornoyndustry yn súdlik Floarida. Dêryn kaam Moose, doe noch de ûnderdirekteur fan Girlfriends Films, oan it wurd. Sitaat: "Ut it eachpunt fan 'e sakewrâld is it sa dat pornokonsuminten oer de hiele wrâld wenje. [...] In protte fan it jild dat sy betelje foar harren films bedarret hjirre yn 'e foarm fan it lean fan 'e pleatslike aktrises en oare wurknimmers fan de pornoyndustry. Dy jouwe dat op har beurt wer út binnen 25 km ôfstân fan wêr't se wenje. Dat, it meitsjen fan pornofilms is it perfekte sakemodel om jild út 'e hiele wrâld wei nei in pleatslike ekonomy ta te lieden. En boppedat taast de pornoyndustry yn ferliking mei in protte pleatslike ûndernimmings amper it miljeu en ekosysteem oan."

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Films References, op dizze side.