Gleiwitz-ynsidint
It Gleiwitz-ynsidint fan 31 augustus 1939 wie in troch de SS opsette oerfal op it radiostasjon Sender Gleiwitz yn it lyknammige plak dat doe by Dútslân hearde en hjoeddedei yn Poalen leit (as Gliwice). Dizze provokaasje, wêrby't de Dútsers harren as Poalen foardienen, is de meast ferneamde fan alle operaasjes dy't troch de SS útrjochte binne om de skyn fan Poalske agresje tsjin Dútslân te wekken en dêrmei de ynvaazje fan Poalen te rjochtfeardigjen.
Ynsidint
bewurkje seksjeIt measte fan wat bekend is oer it Gleiwitz-ynsidint komt fan de ferklearring fan SS-Sturmbannführer Alfred Naujocks dy't er tidens de Prosessen fan Neurenberch joech. Neffens him hie er de aksje opset yn opdracht fan Reinhard Heydrich en Heinrich Müller, haad fan de Gestapo.
Yn de nacht fan 31 augustus 1939 oerfoel in ploechje Dútsers yn Poalske unifoarmen it radiostasjon fan Gleiwitz en stjoerden in koart anty-Dútsk berjocht út yn it Poalsk. De hiele operaasje hie de koadenamme "Großmutter gestorben" ("beppe stoarn") krigen. It doel wie om de yndruk te wekken dat de oanfal en de útstjoering it wurk wie fan anty-Dútske Poalske saboteurs.
Om de oanfal noch oertsjûgender lykje te litten waard Franciszek Honiok, in 43-jierrich Dútsk katolyk buorker dy't ferneamd wie om syn sympatisearjen mei de Poalen, om it libben brocht. Hy wie de dei derfoar oppakt troch de Gestapo. Klaaid as saboteur waard er mei in ynjeksje dea makke en krige er skotwûnen tabrocht, wêrnei't er efterlitten waard sadat it like as oft hy fermoarde wie tidens de oerfal op it stasjon. Syn lichem is doe oan de plysje sjen litten as bewiis fan de oanfal.
Net allinnich Honiok, mar ek inkelde finzenen út it konsintraasjekamp Dachau waarden op deselde wize dea makke. De Dútsers ferwiisden nei dizze persoanen mei de koadenamme "Konserve" ("hâldber guod"). Yn in mûnlinge ferklearring liet Erwin von Lahousen tidens de prosesssen witte dat syn difyzje fan de Abwehr ferantwurdlik wie foar it meitsjen fan Poalske unifoarmen, ark en identiteitsbewizen, en dat er letter pas fan Wilhelm Canaris hearde dat minsken út konsintraasjekampen twongen waarden om dêrmei it radiostasjon oan te fallen.