Godehardustsjerke (Marrum)
De Godehardustsjerke yn Marrum is in 13e-iuwske tsjerke fan de protestantske gemeente Marrum-Westernijtsjerk. De eardere herfoarme tsjerke krige de hjoeddeiske namme nei in grutte werynrjochting yn it jier 2000.
Godehardustsjerke | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Marrum | |
adres | Hegebuorren | |
koördinaten | 53° 19' N 5° 48' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Godehardus fan Hildesheim | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Iere 13e iuw | |
boustyl | Romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15634 | |
Webside | ||
PKN gemeente Marrum-Westernijtsjerk | ||
Kaart | ||
Bou
bewurkje seksjeDe tsjerke, dy't wijd wie oan Godehardus fan Hildesheim (960-1038), waard om 1200 boud op in terp, dy't tsjintwurdich noch foar it grutste diel yntakt is. Om de tsjerke hinne leit in tsjerkhôf mei in dûbele rige linebeammen. De tsjerke is foar in grut part boud fan kleastermoppen. Guon stikken fan it muorrewurk binne fan dowestien, dat mooglik noch boumateriaal fan de foargonger west hat. In fragmint fan dat eardere tsjerkje bleau sichtber yn it muorrewurk, op it plak dêr't in skeane streek fan de oarspronklike ôfdekking fan de apsis yn de muorre rint. Oan it súdlike muorrewurk by de skieding fan it koer en de tsjerke is ôf te lêzen dat der earder in oanbou west hat.
De westlike muorre stamt út 1597. Nei alle gedachten is doe de tsjerke langer makke. De tsjin de westlike muorre steande sealtektoer út deselde tiid waard yn de rin fan de tiid brekfallich en healwei de 19e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske toer op de gevel mei in ynsnuorre spits. De tagong leit yn de westlike gevel, de oarspronklike tagongen yn it skip binne beide tichtmitsele.
Yn it fiifsidige koer, dat yn de tsjerke in ûnregelmjittige healrûne foarm hat, hat by de hoeken lâns bakstiennen kralen en tichtmitsele rûnbôgefinsters. Ien finster is letter feroare yn in goatysk finster en dêr is noch in spoar te sjen fan it romaanske finster. It tsjerkeskip hat rûnbôgefinsters dy't stamme út 1802. Guon dêrfan ha grutter en goatysk fan styl west.
Ynrjochting
bewurkje seksjeYn 2000 waard de tsjerke werynrjochte. De 17e-iuwske preekstoel mei in achterskot en klankboerd waard makke troch Dirk Sydtses en ferhûze by de werynrjochting fan it koer nei it oarspronklike plak oan de súdlike muorre. De banken foar it tsjerkefolk út de jierren 1960 binne doe derút helle en ferfongen troch stuollen, om sa de tsjerke geskikt te meitsjen foar in multyfunksjoneler gebrûk. Ek de mei ryk fykwurk fersierde barokke hearebank krige it oarspronklike plak oan de noardlike muorre werom. De bank waard yn 1723 makke troch Jacob Sydses Bruinsma foar de widdo Wielenga-Westerhuis, dy't op in bûtenpleats oan de Hege Hearewei wenne.
De flier is nij, al binne der ek inkelde âlde grêfsarken yn lein.
Yn de toer hingje twa klokken. De âldste stamt fan 1630; it is net bekend wa't de jitter west hat. De twadde klok is fan lettere datum.
Oargels
bewurkje seksjeIt monumintale haadoargel op de galery waard yn 1831 troch de Westfaalske oargelbouwer Jan Adolf Hillebrand boud. It ynstrumint waard ôfkard en yn 1834 ôfmakke troch Lohman en Soannen. It ynstrumint waard nochal ris restaurearre en feroare, itjinge it oargel net altiten te'n goede kaam. Sûnt 1985 wie it ynstrumint net mear te bespyljen. Lang waard der hope op in restauraasje, dy't yn 2010 troch Mense Ruiter (Zuidwolde) yn gearwurking mei de oargelbedriuwen Flentrop Orgelbouw (Saandam) en Winold van der Putten (Finsterwolde) lang om let syn beslach krige.[1] In pear jier wie der ek genôch jild om it oargel wer te foarsjen fan in selsstannich pedaal mei trije registers.[2]
Yn de tiid dat it Hillebrand-oargel net mear te bespyljen wie, hat de herfoarme gemeente in kistoargel fan Mense Ruiter oanskaft. Yn it ramt fan de fúzje tusken herfoarmen en de grifformearden is dat ynstrumint ferkocht oan de oargelmakkers Kaat & Tijhuis (Kampen) en is by itselde bedriuw in koeroargel oankocht, dat yn 1975 boud wie troch Fonteijn & Gaal foar de Johannastichting yn Swammerdam. Ek it oargel fan de grifformearde tsjerke waard oan Kaat & Tijhuis ferkocht en ferhûze letter nei in tsjerke yn Seattle yn de Feriene Steaten.
Ofbylden
bewurkje seksje-
De dûbele rige linebeammen
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|