Victor Gollancz Ltd.

(Trochferwiisd fan Gollancz)

Victor Gollancz Ltd., yn 'e regel koartwei Gollancz neamd, is in Britske útjouwerij, dy't oprjochte waard yn 1927 en fêstige is yn Londen. Yn 'e tweintichste iuw publisearre dit bedriuw fiksje en non-fiksje fan hege kwaliteit, en wie it ien fan 'e meast foaroansteande útjouwerijen fan it Feriene Keninkryk. Nei ferskate oernames kaam Gollancz yn 1998 yn 'e hannen fan 'e Orion Publishing Group, dy't der syn science fiction- en fantasy-ymprint fan makke. Sûnt hat Gollancz him op dat mêd ûntjûn ta ien fan 'e heechst oanskreaune Ingelsktalige útjouwers.

Victor Gollancz Ltd.
algemien
nasjonaliteit Britsk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1927
oprjochter Victor Gollancz
eigner Lagardère Group
mem Orion Publishing Group
dochters Gollancz Manga (net mear aktyf)
offisjele webside
www.gollancz.co.uk

Skiednis bewurkje seksje

Gollancz waard yn 1927 oprjochte troch de útjouwer Victor Gollancz (1893-1967), dy't fan Poalsk-Joadsk komôf wie. De útjouwerij lei him ta op 'e publikaasje fan heechsteande fiksje (wêrûnder ek science fiction en fantasy) en non-fiksje, wêrby't de linkse politike opfettings fan 'e oprjochter gauris ta utering kamen. Sa frege Victor Gollancz de ferneamde auteur George Orwell en skreau in boek oer de stedske arbeidersklasse fan noardlik Ingelân, mei as resultaat The Road to Wigan Pier. Gollancz en Orwell krigen lykwols spul doe't Gollancz wegere om Orwell syn ferslach fan 'e Spaanske Boargeroarloch, Homage to Catalonia, út te jaan.

Oan 'e oare kant publisearre er wol The Red Army Moves, fan sjoernalist Geoffrey Cox, in beskriuwing fan 'e Winteroarloch dy't de Sovjet-ynfal yn Finlân bekritisearret. Letter brocht er ek wurk út fan Dútske ballings, wêrûnder Hilde Meisel. Oare skriuwers fan namme dy't harren wurk by Gollancz publisearren, wiene bgl. Daphne du Maurier (Rebecca), Kingsley Amis (Lucky Jim) en Robert A. Heinlein (The Door into Summer). De útjeften fan Gollancz wiene yn dy tiid werom te kennen oan in felgiele omslach.

Nei it ferstjerren fan Victor Gollancz, yn 1967, kaam de útjouwerij yn besit fan syn dochter Livia, dy't it bedriuw yn 1989 ferkocht oan Houghton Mifflin. Trije jier letter, yn 1992, waard Gollancz troch Houghton Mifflin trochferkocht oan Cassell & Co., dat yn desimber 1998 sels oernommen waard troch de Orion Publishing Group. Neitiid makke Orion Gollancz ta syn science fiction- en fantasy-ymprint, dêr't wurk fan û.m. Joe Abercrombie, Arthur C. Clarke, Stephen R. Donaldson, George R.R. Martin en Terry Pratchett útkaam. Yn maart 2014 hie Gollancz as science fiction- en fantasy-ymprint 418 romans publisearre, skreaun troch 169 auteurs, dy't mei-inoar 331 nominaasjes krigen en 97 prizen wûn hiene. Dêrmei hat Gollancz him ûntjûn ta ien fan 'e bêste útjouwerijen yn syn sjenre.

Tusken 2005 en 2014 publisearre Gollancz ûnder de ymprint Gollancz Manga ek manga's.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.