Gouden Roas-synagoge (Lviv)

De Gouden Roas-synagoge (Oekraynsk: Золотая Роза), ek bekend ûnder de nammen Nachmanowicz-synagoge of Turey Zahav-synagoge (Hebriuwsk: בית הכנסת טורי זהב‎) wie in synagoge yn Lviv yn Oekraïne. De Goude Roas-synagoge wie eartiids de âldste synagoge fan Oekraïne. De Gouden Roas fan Lviv waard yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de nazy's ferneatige.

Gouden Roas-synagoge
Gouden Roas (1901)
Gouden Roas (1901)
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Lviv
plak Lviv
koördinaten 49° 50' N 24° 1' E
Arsjitektuer
arsjitekt Paolo Italus
boujier 1581-1595
sloopjier 1941 of 1942
Kaart
Gouden Roas-synagoge (Oekraïne)
Gouden Roas-synagoge

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1581 mocht Yitzhak ben Nachman (alias Izak Nachmanowicz) in stik lân oankeapje om dêr ta neitins fan syn frou foar de joadske mienskip in synagoge te bouwen. It doedestiidske stedsbestjoer woe wol fan dy grûn ôf, om't dêr earder it earste bordeel fan 'e stêd stean hie (stifte yn 1493) en nei't dat sletten waard hie gjin ien belangstelling om dy grûn te keapjen. It beskikber stellen fan 'e lokaasje oan 'e joaden wie in subtile wize om de joadske mienskip te misledigjen.

 
De synagoge yn de jierren 1930.

De Italjaanske arsjitekt Paolo Italus ("Paulus de Italjaan") boude op it plak de synagoge yn 'e styl fan 'e renêssânse mei goatyske aksinten. Tsjin 'e ein fan 'e 16e iuw woene de jezuïten in kleaster yn Lviv bouwe en sochten dêrfoar it plak út, dêr't de synagoge stie. Kening Sigismund III joech yn 1603 de grûn oan de Jezuïten en de rjochtbank liet beslach lizze op it gebou. De trochgong nei it gebou rûn lykwols oer it hiem fan Mordechai Nakhmanovitsj, dy't de jezuïten de tagong oer syn besit ferbea. It waard in drege striid en lang om let krige de famylje Nachmanovitsj de synagoge yn 1609 werom nei't se in boarch fan 20.600 gûne betellen.

De synagoge bleau dêrnei iuwenlang it sintrum fan 'e joaden yn Lviv.

 
Restant fan de Gouden Roas.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de synagoge lykas ek de joadske mienskip fan Lviv troch de Dútsers ferneatige. Yn 1941 (neffens oare boarnen yn 1942) waard it 16e iuwske monumint plondere en dêrnei opblaasd. Fan 'e synagoge bleau allinne de noardlike muorre oer. Yn 'e muorre is in plakette yn it Ingelsk, Hebriuwsk en Oekraynsk oanbrocht.

Beskriuwing bewurkje seksje

It ynterieur fan 'e synagoge wie in rjochthoekige hal fan 11 by 9 meter en hie in goatysk ferwulft, dat droegen waard troch renêssânse pylders. Trije muorren hiene twa spitbôgige finsters. De kalkstiennen aron hakodesj wie yn 'e styl fan 'e renêssânse en stie oan 'e eastlike muorre. Om't de synagoge net heger wurde mocht dan de wengebouwen dêromhinne wie de flier útdjippe.

Rekonstruksje ? bewurkje seksje

De rekonstruksje fan 'e synagoge is hjoed-de-dei ûnderwerp fan diskusje. Neffens in artikel yn The Guardian woe de gemeente flak foar de organisaasje fan it Europeesk kampioenskip fuotbal 2012 de resten fan 'e synagoge slope, sadat der plak ûntstie foar in grut hotel. It plan soarge sawol yn Kiëv as ynternasjoneel foar nochal wat opskuor. De gemeente hat de plannen doe hastich wer fan tafel fage.[1]

Namme bewurkje seksje

De namme "Turey Zahav" ferwiist nei it wurk oer religieuze wetten fan rabby David ben Samuel ha-Levi, dy't fan 1654-1667 oan 'e synagoge ferbûn wie. In 19e-iuwske leginde wol ha dat it bestean fan 'e synagoge te tankjen is oan Rosa, de skoandochter fan Nachmovitsj. Hja joech har hiele fermogen út om de boarch te beteljen, dy't easke waard om de synagoge werom te krijen. De biskop soe doe sein ha dat se it jild sels mar bringe moast. Rosa wie in kreas frommis en wist wat dat te betsjutten hie, mar gong dochs nei de biskop en offere har lichem op. Doe't se út de ramen fan it paleis fan 'e biskop de ljochten yn 'e synagoge baarnen seach, wist se dat har doel slagge wie en dêrnei makke se har fan kant.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: