Granada
Granada is in stêd en gemeente in Andalûsje yn it súdeasten fan Spanje. It is de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit op in hichte fan 738 meter oan de foet fan de Sierra Nevada. Iuwen lyn wie it de haadstêd fan de taifa Grenada en it keninkryk Granada.
Granada | ||
Alhambra | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Spanje | |
regio | Andalûsje | |
provinsje | Granada | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 228.682 (2022) | |
Oerflak | 88,02 km² | |
Befolkingsticht. | 2.598 ynw./km² | |
Hichte | 583-1183 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 37° 10'N 3° 36'W | |
Offisjele webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
De stêd is ryk oan monuminten. Ien fan de meast ferneamde monuminten fan Spanje is it Alhambra, in ûnbidich grut paleis mei Moarske en katolike kultuer. De âlde stêd is ien fan de moaiste foarbylden fan Almohadyske stedsplanning. Fierder is de stêd bekend om de Universidad de Granada. De stêd is mei Salamanca, Burgos en Santiago de Compostella ien fan de belangrykste studintestêden.
Skiednis
bewurkje seksjeIere skiednis
bewurkje seksjeGranada waard al ûnder de namme 'Ilturir' yn de 8e iuw f.Kr. bewenne troch Ibearyske folken. Ilturir sloech net op ien delsetting, mar om de hiele krite. Letter bewennen Fenysjers, Tartessos, Griken en Kartagers it gebiet. Der binne resten fan in ferdigeningsmuorre út de 6e iuw f.Kr. fûn doe't de stêd 'Iliberri' hjitte. Yn it jier 193 f.Kr. waard Iliberri oermastere troch de Romeinen, dy't likernoch 15 kilometer fierderop fan it tsjintwurdige Granada in delsetting mei de namme 'Iliberris' stiften.
Stedsstifting
bewurkje seksjeMei de ekspânsje fan it Omajadyske Kalifaat waarden ûnder kalyf Al-Walid I fan 711 oant 718 grutte dielen fan Hispania oermastere. Dy ferovering resultearre yn de nederlaach fan it Fisigoatyske keninkryk en de ynstelling fan in Omajadysk wilaya fan Al-Andalûs.
Yn itselde jier dat Tariq ibn Ziyad mei in moslimleger lanne yn Gibraltar oermasteren syn troepen Illiberis en hja feroaren de namme yn Ilbīra (Arabysk البيرة). De âldste Arabyske histoaryske boarnen neame in stêd mei de namme Qashtīliya, letter bekend as Madīnat Ilbīra (Elvira), dy't op de sudlike hellingen fan de Sierra Elvira lei (by it tsjintwurdige Atarfe). Dat waard yn dy tiid de belangrykste stêd yn de kontrijen. In lytsere delsettig mei de namme Gárnata bestie oan de súdlike kant fan de Darro (de tsjintwurdige wyk Albaicín). Yn dy lytsere delsetting wennen foar it measte joaden en wie dêrom ek bekend as Gárnata al-yahud (Garnata fan de joaden). It gebiet om de stêd hinne stie bekend as de provinsje Elvira. Nei 743 kaam yn Ilbīra in kontingint soldaten út Syrje oan, dy't Abd al-Rahman I holpen mei it stiften fan it emiraat Kordoba en it begjin fan it bewâld fan de Omjadyske dynasty.
Ziriden
bewurkje seksjeOan it begjin fan de 11e iuw krigen de Ziriden it foar it sizzen yn it gebiet, in Berberske groep dy't oer dielen fan Noard-Afrika hearske. De Ziriden foarmen in belangryk kontingint yn it leger fan it doetiidske kalifaat Kordoba. Foar harren trou krigen de Ziriden it bestsjoer oer de provinsje Elvira en doe't it kalifaat ynstoartte nei 1009 en de fitna (boargerkriich) begûn, fêstige de lieder fan de Ziriden, Zawi ibn Ziri, dêr in eigen ryk, de taifa Grenada (1013–1090). Om't Madīnat Ilbīra op in leechflakte lei en dreech te ferdigenjen wie, naam de emir it beslút om syn residinsje te ferhûzjen nei it heger lizzende Gárnata. Neffens Arabyske boarnen waard Ilbīra yn de tiid fan de fitna mei de grûn lyk makke en net mear opboud en ynstee dêrfan waard Gárnata it haadplak. It joadske delsetting feroare dêrmei yn in lyts skoft yn ien fan de belangrykste stêden fan Al-Andalûs.
Pogrom fan 1066
bewurkje seksjeYn it jier 1066 fûn der in pogrom yn Granada plak, de earste yn syn soarte yn Europa. De pogrom begûn mei de moard op de joadske fizier Yusef ibn Naghrillah (1035–1066). Mooglik wie oergeunst op syn posysje de oarsaak fan de beskuldiging dat er joadske freonen befoaroardiele. Yusef waard op 30 desimber 1066 troch moslims fermoarde en dêrnei krusige by de belangrykste poarte fan de stêd. De oare deis foelen de moslims ek gewoane joaden oan en dêrby waard in grut part fan de mienskip ombrocht. Hoefolle minsken krekt omkamen is net bekend, mar it sifer fan 4.000 slachtoffers wurdt faak neamd. De lytsere joadske gemeente fan Granada werstelde him, mar waard yn 1090 ûnder de Almoraviden ûnder Yusuf ibn Tashfin op 'e nij slachtoffer fan in pogrom.
Almoraviden en Almohaden
bewurkje seksjeTusken it lêst fan de 11e iuw en it begjin fan de 13e iuw waard Al-Andalûs bestjoerd troch twa Noard-Afrikaanske Berberriken. De Almoraviden hearsken oer Granada sûnt 1090 en de Almohaden sûnt 1166. Neffens de argeologyske fynsten liket it der op dat de stêd ûnder de Almoraviden in bloeitiid kende, wylst de stêd ûnder de Almohaden in tiidrek fan delgong meimakke.
Nasriden
bewurkje seksjeMei't de reconquista goed op gong kaam, de kristlike keningen fan Kastylje en Aragon terrein wûnen yn Al-Andalûs en Idris al-Ma'mun as lêste Almohadyske hearsker it Ibearyske Skiereilân ferliet, waard de ambisjeuze Mohammed I ibn Nasr de nije lieder fan it emiraat Granada. Hy lei de grûnslach foar de Nasriden-dynasty, de lêste en langst hearskjende islamityske dynasty fan it Ibearyske Skiereilân.
De Nasridyske hearsker Ibn al-Ahmar ferbûn him ferskillende kearen mei kening Ferdinand III en waard lang om let yn 1246 in fazal fan de kristlike kening. Dochs wiene der regelmjittich konflikten tusken it emiraat en Kastylje en wikselen de alliânsjes fan Ibn al-Ahmar regelmjittich. Ek besochten de Nasriden de Noard-Afrikaanske Mariniden yn te setten tsjin Kastylje, mar de yntervinsjes fan de Mariniden op it Ibearyske Skiereilân einigen definityf mei de Slach by Salado yn 1340.
De flechtlingen út de troch Kastylje en Aragon oermastere gebieten droegen by oan in hege befolkingsgroei fan Granada en de stêd dijde mei nije wiken fierder út. Yn de 13e en 14e iuw waarden nije muorren boud mei de Bāb Ilbīra (de tsjintwurdigee 'Puerta de Elvira') as de westlike tagong. Yn it sintrum stie de Grutte Moskee, op it plak dêr't hjoed-de-dei de katedraal stiet. It kommersjele sintrum wie de bazaar (de 'Alcaicería') en dêrnjonken hie Granada sûnt 1349 de iennige madrassa fan Al-Andalûs, de Al-Yusufiyya (tsjintwurdich it 'Palacio de la Madraza'). In oare monumint út dy tiid is de 14e-iuwske karavanserai ('Corral del Carbón')
Sûnt 1237 regearre Ibn al-Aḥmar oer Granada en hy ferhûze it keninklik paleis fan de âlde sitadel op de Albaicín-heuvel nei de Sabika-heuvel en begûn dêr mei de bou fan wat it hjoeddeiske Alhambra wurde soe. It Alhambra wie in stêd fan paleizen, mei in eigen moskee, hamams en ferbliuwen foar wurknimmers en hôfpersoniel. De belangrykste paleizen binne bewarre bleaun, lykas it Comares-paleis en it Paleis fan de Liuwen, mar dy datearje út de tiid fan it regear fan Yusuf I (r. 1333-1354) en syn soan Mohammad V (r. mei ûnderbrekkings 1354-1391). In pear lytsskalige foarbylden fan de paleizearsjitektuer fan de Nasriden yn de stêd binne bewarre bleaun yn de 'Cuarto Real de Santo Domingo' (ein 13e iuw) en de 'Dar al-Horra' (15e iuw).
De foltôging fan de reconquista
bewurkje seksjeOn 2 jannewaris 1492 joech de lêste moslimlieder fan Ibearje, emir Mohammad XII, yn Spanje ek bekend as Boabdil, him oer oan de katolike keningen (Ferdinand II fan Aragon en Isabella I fan Kastylje). Dêrmei kaam in ein oan de reconquista, it werom feroverjen fan it Ibearyske Skiereilân op de moslims.
Yn it Ferdrach fan Granada (1491) wie fêstlein dat moslims (mudéjares) yn de stêd harren leauwen behâlde mochten. Dat hie sûnt it begjin fan de reconquista mei de oermastering fan Toledo yn de 11e iuw it belied fan Kastylje en Aragon west. Joaden krigen dêrfoaroer neffens it ferdrach trije jier betinktiid om harren te bekearen of te fertrekken, mar dy termyn waard al in pear moanne letter troch it Alhambra-dekreet ynkoarte ta fjouwer moannen. Dat soarge ek foar spanningen by de islamityske mienskip fan Granada en it resultaat wie in islamityske opstân yn de omkriten, dy't yn Granada yn 1500 einige en pas in jier letter yn de Alpujarras. De elites fan Granada ferhûzen nei it delslaan fan de opstân nei Noard-Afrika, wylst de measte mudéjares har bekearden ta it katolisisme, sadat hja bliuwe koene.
Yn de rin fan de tiid waard Granada in katolike stêd. Nije ynwenners út Kastylje waarden mei it ûnthjit fan ekonomyske kânsen lokke, mar op it stuit doe't de katolike keningen de stêd oermastere hie de stêd in islamityske befolking mei in lyts tal kristenen (yn 'e regel slaven), wylst de befolking yn 1561 út 30.000 kristenen en likernôch 15.000 moriscos (bekearde moslims) bestie. Fuort nei 1492 feroaren de earste moskeeën yn tsjerken en de rest folge by en nei de massabekearings fan 1500. Mar sawol ûnder de conversos (bekearde joaden) as de moriscos bleaune der in soad trou oan it âlde leauwe.
16e iuw
bewurkje seksjeYn 1531 stifte Karel V de Universiteit fan Granada op it plak fan de troch Yusuf I boude madrassa. Foar de rest fan de iuw bestie de hearskjende oligargy fan Granada foar likernôch 40% út (joadske) conversos en 31% út hidalgo's. Sûnt de jierren 1520 waarden de yn tsjerken feroare moskeeën ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou, in proses dêr't de hiele iuw mei hinne gie.
Yn it jier 1563 foel de Ottomaanske kommandant Dragut, ek bekend as it Lutsen Swurd fan de Islaam, Spanje oan. Dragut hie in minne reputaasje troch syn grutte tal plonderingen en it ferneatigjen fan in grut tal stêden. Yn 'e regel naam er in soad minsken as slaaf mei mar yn oare plakken liet er ek alle ynwenners ûnthalzje. Dragut naam nei de plondering fan Granada sa'n 4.000 ynwenners as slaaf mei.
Yn desimber 1568, yn in tiid dat de moriscos ferfolge waarden, briek yn de Alpujarras in twadde opstân út. Alhoewol't de moriscos yn Granada sels gjin grutte rol spilen by de opstân, joech kening Filips II de opdracht om de grutte mearderheid fan de moriscos út it keninkryk Granada te ferbaljen, allinne keunstners en minsken dy't foar de ekonomy belangryk wiene, mochten bliuwe. De rest waard oer it keninkryk Kastylje ferspraat yn oare stêden.
17e en 18e iuw
bewurkje seksjeYn de 17e iuw naam de befolking fan de stêd net in soad ta en it ynwennertal bleau op likernôch 55.000 hingjen. Granada moast it ôflizze tsjin stêden as Sevilla en de haadstêd Madrid. Yn de lannelike gebieten fan it keninkryk Granada, dêr't folle mear moriscos útset wiene, naam de befolking wol ta.
Tusken 1810 en 1812 waard Granada beset troch de troepen fan Napoleon. De Frânsen wiene stasjonearre yn it Alhambra en brochten in soad skea oan it monumint. By de ôftocht út de stêd besochten hja it kompleks op te blazen en dat slagge mei acht tuorren, mar de Spaanske soldaat José Garcia makke de oare eksplosiven ûnskealik sadat alles wat hjoed-de-dei stiet bewarre bleau.
20e iuw
bewurkje seksjeYn de jierren 1930 groeiden de spanningen yn Granada, dy't it hiele lân lang om let ferskuorden. Doe't de Spaanske boargerkriich yn 1936 útbriek foege Granada him by de republikeinske opstân. It ferset tsjin de republikeinen, benammen fan de arbeidersklasse yn de Albaicín, waard mei hurde hân delslein waard. Yn de jierren 1950 en 1960 wie de provinsje Granada ûnder it Franco-rezjym ien fan de earmste gebieten fan Spanje. Tsjintwurdich soarget it toerisme foar in soad wurkgelegenheid.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1900 | 1910 | 1920 | 1930 | 1940 | 1950 | 1960 | 1970 | 1980 | 1990 | 2000 | 2010 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 75570 | 79978 | 103505 | 117577 | 152006 | 154589 | 155065 | 186160 | 246672 | 255212 | 244186 | 239154 |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeGranada is bekend fanwegen it grutte tal histoaryske monuminten út de islamityske tiid, de gotyk en de renêssânse.
Under de belangrykste gebouwen út de islamityske-arabyske tiid heart it Alhambra, in paleizekompleks dat it grutste profane kompleks yn syn soarte fan Spanje is. It Alhamra waard yn de 13e en 14e iuw as residinsje fan de islamityske keningen fan de Nasriden-dynasty boud.
Albaicín is de âlde Moarske wyk. De wyk leit foar it Alhamra oer, dêr't it mei brêgen oer de Darro is ferbûn. Yn de wyk steane in tal fan tsjerken dy't eartiids op it plak fan moskeeën boud waarden, lykas de 'Iglesia de San Nicolás' (Nikolaastsjerke), de 'Iglesia de San Pedro y San Pablo' (Petrus en Paulustsjerke), de 'Iglesia de Santa Ana y San Gil' (Sint Anna en Egidiustsjerke), de 'Iglesia de San Cristóbal' (Kristoffeltsjerke) en de 'Iglesia del Salvador' (Ferlossertsjerke). Fan de âlde moskee út de 11e iuw bleau de binnenhôf bewarre, dy't no ûnderdiel fan de Iglesia del Salvador is.
Oan de noardlike kant fan Albaicín binne noch resten fan de stedsmuorre út de 11e iuw bewarre bleaun. De 'Puerta de Elvira' wie yn 'e Moarske tiid de belangrykste poarte fan de stêd.
Oan Albaicín grinzget Sacromonte, de wyk dêr't yn de 15e iuw in grutte groep Spaanske sigeuners harren nei wenjen setten. Hja groeven dêr grotwenningen (cuevas) út 'e heuvel en guon dêrfan binne oant de dei fan hjoed noch bewenne. Yn it heechste diel fan Sacromonte binne de moaiste foarbylden fan dy grotwentes.
Wat bûten de wyk oan de Camino del Sacromonte stiet de 17e iuwske abdij fan Sacromonte, dy't nei de jierren 1970 restaurearre waard.
Foar de katedraal fan Granada waard op 25 maart 1523 de earste stien lein. De katedraal waard yn renêssânse styl boud, mar hat in gevel mei in barok ûntwerp. Njonken de katedraal stiet de 'Capilla Real' (keninklike kapel), de tusken 1505 en 1507 foar de katolilke keningen boude grêfkapel. Yn de krypte fan de kapel wurde û.o. de kroan fan keninginne Isabella en it swurd fan kening Ferdinand bewarre.
Ek om de katedraal hinne is noch in soad arsjitektuer fan it Moarske Granada werom te finen, lykas de eardere karavanserai ('Corral de Carbón'), dêr't hjoed-de-dei it toeristeburo is ûnderbrocht. Ek de eardere madrassa fan Granada (tagong foar de Capilla Real oer) en de bazaar (Alcaicería) binne dêr te finen. Fuort foar de katedraal oer is it 'Centro José Guerrero', dat in grute samling fan dy keunstner besit.
Yn it neoklassisistyske 'Palacio de las Columnas' út de 18e iuw sit no de Fakulteit foar Oersetting en Tolken fan de universiteit fan de stêd. Tichteby leit it 'Colegio de San Pablo' út de 16e iuw. Dat gebou tsjinne de jezuïten foar de oplieding fan misjonarissen foar de moriscos. Nei de opheffing fan de oarder yn Spanje yn 1767 waard it gebou brûkt troch de Fakulteit Rjochtswittenskippen. Oan it gebou grinzget de botanyske tún ('Jardín Botánico').
Wat fierderop leit it 'Real Monasterio de San Jerónimo' (Keninklike kleaster fan de hillige Hieronymus). Mei de bou fan it kleaster waard krekt bûten de stêd útein set yn de lêste faze fan de reconquista, noch foardat de stêd belies joech en der definityf in ein kaam oan de islamityske oerhearsking.
Noardlik fan it sintrum leit oan de'Paseo de Cartuga it 'Monasterio de la Cartuja' (Kartuzerskleaster), in gebouwekompleks út de 16e iuw dat bekend stiet om de barokke ynrjochting. It kleaster waard yn 1835 sletten doe't de muontsen der útsetten waarden.
Oan de eastlike râne fan de stêd leit it paleis de Generalife (Arabysk: Jannat al-'Arif - Tún fan de arsjitekt), dat it simmerpaleis fan de Nasridyske sultans fan Granada wie.
Musea
bewurkje seksje- Museo De La Alhambra
- Museo Casa de los Tiros
- Museo Cuevas del Sacromonte
- Museo de bellas artes
- Casa de Zafra
- Palacio de los Olvidados
- San Juan De Dios Museum
- Museo Arquelógico
- Centro Cultural Caja Granada
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|