Green Rider (romansearje)

Green Rider is in romanrige fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwster Kristen Britain. De rige heart ta it sjenre fan 'e fantasy. It sechsde diel kaam út yn 2017.

Green Rider
algemiene gegevens
auteur Kristen Britain
taal Ingelsk
foarm romansearje
sjenre fantasy
1e publikaasje 1998 – ...
oarspr. útjwr. DAW Books

Boeken bewurkje seksje

Ynhâld bewurkje seksje

De Green Rider-searje giet oer Karigan G'ladheon, in keapmansdochter yn it keninkryk Sacoridia, dy't tsjin wil en tank behelle rekket yn 'e yntriizjes oan it hof fan kening Zachary Hillander. Se wurdt in 'Griene Ruter', ien fan 'e keninklike boadskippers, en ûntjout har yn dy hoedanichheid ta in fertrouling fan 'e kening. Dyselde stjoert har út op ferskate gefaarlike missys, wêrby't Karigan it opnimme moat tsjin 'e boasaardige tsjoender Mornhavon de Swarte, dy't nei tûzen jier wer opstiet út 'e dea. Hja moetet dêrby wêzens dy't har helpe, lykas de elfeftige Eletiërs, en wêzens dy't har tsjinwurkje, lykas de oarkeftige grûnmiten.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
1999 IAFA William L. Crawford Fantasy Award nominearre n.f.t. Green Rider
2012 David Gemmell Award nominearre David Gemmell Legend Award for Best Fantasy Novel Blackveil

Haadpersoanen bewurkje seksje

  • Karigan G'ladheon, in keapmansdochter út Corsa, letter ien fan 'e meast foaroansteande Griene Ruters
    • Condor, har útsûnderlik yntelliginte hynder
    • Stevic G'ladheon, har heit, dy't fan in berte as uterst behoeftige fiskerssoan opklommen is ta de posysje fan 'e rykste keapman fan Sacoridia
    • Brini, Gretta, Stace, Tory, har muoikes
  • Estral Andovian, de bêste freondinne fan Karigan
de Griene Ruters
  • Laren Mapstone, kaptein fan 'e Griene Ruters
  • Connly, luitenant fan 'e Griene Ruters
  • Mara Brennyn, haadruter, belêstge mei logistyk
  • Elgin Foxsmith, in eardere haadruter dy't op fersyk weromkommen is út syn pinsjonearring om mei te helpen
  • Alton D'yer, in Griene Ruter fan aadlik komôf
  • Ben Simeon, in Griene Ruter dy't tagelyk sirurgyn is
  • Beryl Spencer, in Griene Ruter spesjalisearre yn spionaazje
  • Garth Bowen, Trace Burns, Yates Cardell, Daro Cooper, Fergal Duff, Dale Littlepage, Lynx, Ty Newland, Tegan Oldbrine, Griene Ruters
  • Damian Frost, telch út in lange line fan hynstefokkers by wa't de Griene Ruters al tûzen jier harren treflike hynders keapje
    • Lady, syn frou
    • Gus en Jericho, syn soannen
  • Griene Ruters út it ferline
    • Lil Ambrioth (of Liliedhe Ambriodhe), de stifteresse fan 'e Griene Ruters, dy't tûzen jier lyn libbe, ûnder de Lange Oarloch
    • Gwyer Warhein, in kaptein fan 'e Griene Ruters dy't twahûndert jier lyn libbe, ûnder de Klanoarloggen
    • F'ryan Coblebay, de omkommen Griene Ruter troch waans tadwaan Karigan koerier wurden is
it Keninklik Hof
  • Zachary Hillander, kening fan Sacoridia
  • frouwe Estora fan Coutre, fersein oan de kening; letter keninginne fan Sacoridia
  • Agemon, de haadoppasser fan 'e Keninklike Tomben ûnder it kastiel
  • Xandis Pierce Amberhill III, in ferearmoede ealman dy't in fiere neef fan kening Zachary is en syn lângoed rêde wol troch it fortún dat syn heit dertrochhinne gokt en dronken hat, wer byinoar te stellen yn 'e persoan fan 'e masterdief dy't bekend stiet as 'it Ravensmasker'.
    • Morry, Yap, syn tsjinstfeinten
  • Dakrias Brown, de keninklik argivaris
  • Destarion, in master-sjirurgyn, de liifdokter fan 'e kening
    • Vannlyn, in master-sirurgyn, de learmasteresse en opfolchster fan Destarion
  • Colin Dovekey, in riedshear fan 'e kening en kommandant fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden ('Wapens'), de liifgarde fan 'e kening
    • Tallman, de opfolger fan Colin Dovekey
    • Donal, Ellen, Fastion, Brienne Quinn, Rory, Travis, Willis, 'Wapens' (d.w.s. leden fan 'e Oarder fan 'e Swartskylden)
  • Drent, in wapenmaster
  • Gresia, in wapenmaster
  • generaal Harborough, de kommandant fan it Sacoridiaanske leger
  • Neff, de keninklik heraut
  • Sperren, de seneskalk fan it Keninklik Kastiel
    • Javian, de seneskalk fan it Keninklik Kastiel, de opfolger fan Sperren
  • Spûkepoeke ("Ghost Kitty"), in kat út 'e Keninklike Tomben dy't Karigan har keamer yn it kastiel ta syn domein makket
Eletiërs
  • Santanara, kening fan Eletia
    • Jametari, syn soan, prins fan Eletia
    • Graelalea, syn dochter
  • Ealdaen, Enver, Lhean, Somial, Telegioth, Eletiërs
Twadde Ryk
  • Beppe, in tsjoenster en folgelinge fan Mornhavon de Swarte, stiet oan it haad in ûndergrûnske organisaasje dy't "Twadde Ryk" hjit
  • kolonel Birch, de militêre lieder fan Twadde Ryk
  • kaptein Immerez, earder ofsier yn de provinsjale milysje fan Mirwell, no ien fan de militêre lieders fan Twadde Ryk
oaren
  • Lorilie Dorran, de liedster fan it Sacoridiaanske Anty-Monargy Genoatskip
  • Hadriax el Fex, oarspronklik de boezemfreon fan Mornhavon de Swarte, mar letter dy syn ferrieder; de stamheit fan it hûs G'ladheon
  • Merdigen, of: de spektrale projeksje fan 'e grutte tsjoender Merdigen (silger), dy't tahâldt yn 'e Toer fan 'e Himels yn 'e D'yer-Muorre
  • Mornhavon de Swarte, in kwea-aardige tsjoender dy't Sacoridia tûzen jier lyn, yn 'e Lange Oarloch, besocht te feroverjen, mar faalde, en no út 'e dea opstiet om it op 'e nij te besykjen
  • de Spegelman, de trickster fan it Sacoridiaanske panteön
  • Westrion, de Sacoridiaanske god fan de dea
    • Salvistar, syn godlike hynder

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
de Green Rider-searje
Green Rider • First Rider's Call • The High King's Tomb • Blackveil • Mirror Sight • Firebrand