Grifformeard-frijmakke tsjerke (Blije)

De Grifformeard-frijmakke tsjerke oan de Haadstrjitte yn Blije is de tsjerke fan de Grifformeard-frijmakke Gemeente Blije-Holwert.

Griff.-frijmakke tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Blije
adres Haadstrjitte 21
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1950
offisjele webside
Grifformeard-frijmakke Gemeente Blije-Holwert

Wylst yn de oanbuorjende doarpen Holwert (1944) en Ferwert (1945) de frijmakking al earder plak fûn, waard yn Blije pas op 17 maaie 1946 de akte fan frijmakking ûndertekene. Dat barde troch 63 persoanen. De earste tsjerketsjinst folge op de snein dy't op de dei fan de ûndertekening fan de Akte fan Frijmakking folge. Ynearsten makke de gemeente gebrûk fan in lokaal yn it stasjonsgebou, mar letter hierden de frijmakken foar harren tsjinsten de herfoarme tsjerke.

Yn de simmer fan 1950 waard útein set mei de bou fan in eigen tsjerke, dy't op 16 novimber 1950 yn gebrûk nommen waard.

Foar in koarte tiid hie Blije in eigen dûmny, mar meastentiids dielde Blije de dûmny mei de frijmakke gemeente fan Holwert. Op 15 septimber 1979 waarden de gemeenten Blije en Holwert gearfoege ta ien gemeente.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • [1] Side fan de gemeente]