Grifformearde tsjerke (Twizel)

(Trochferwiisd fan Grifformearde Tsjerke (Twizel))

De Grifformearde tsjerke is in tsjerkegebou fan 'e protestanske gemeente fan Twizel. De twadde PKN-tsjerke yn Twizel is de herfoarme Petrustsjerke.

Grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Twizel
adres Optwizel 64
koördinaten 53° 13' N 6° 05' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Griff. gem.)
Arsjitektuer
arsjitekt J. Eldering
boujier 1953
Webside
Side Protestanske Gemeente Twizel
Kaart
Grifformearde tsjerke (Fryslân)
Grifformearde tsjerke

De Grifformearde tsjerke fan Twizel waard op 22 april 1889 ynsteld as Nederdútsk-Grifformearde tsjerke. Sûnt 1892 makke de gemeente diel út fan 'e Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Tegearre mei de wente fan 'e gemeentearsjitekt baarnde yn 1934 de earste tsjerke fan 'e grifformearden hielendal ôf. Foar in nije tsjerke neffens in ûntwerp fan Albert Wiersema waard yn oktober 1934 de earste stien troch dûmny H.J. ten Brink lein.

Op 17 septimber 1945 makke dûmny M.A.J. van Putten en in mearderheid fan de tsjerkeried harren frij fan de synoadebesluten fan 1939-1944. It tsjerkegebou gyng doe oer op de doe ûntstiene Frijmakke tsjerke en de grifformearden dy't trou bleaune oan de synoade rekken harren gebou kwyt. Tsjintwurdich is dy yn arsjitektoanysk opsicht opmerklike Rehobothtsjerke yn eigendom fan 'e Frije Grifformearde gemeente.

 
Gevelstien

Foar de synodale grifformearden waard yn 1953 in nije tsjerke boud neffens in ienfâldich ûntwerp fan 'e arsjitekt J. Eldering. Boppe de tagong waard in gevelstien mei de wurden "Net troch krêft noch troch gewelt, mar troch Myn Geast sil it barre, seit de Heare der Hearskaren. Sacharia 4:6" oanbrocht.

It oargel waard troch de firma Reil út Heerde (Gelderlân) boud.[1]

Yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan 'e Grifformearde tsjerke fan Twizel waard yn 1992 fan 'e hân fan H. Wijma e.o. in boek útbrocht mei de titel "Gereformeerde kerk Twijzel 1892-1992".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: