Grifformearde tsjerke (Lollum)
De grifformearde tsjerke yn Lollum wie oant 2014 in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Lollum-Waaksens. It is de eardere tsjerke fan 'e grifformearde gemeente fan Lollum. Mei de foarming fan de PKN-gemeente Lollum-Waaksens besiet de gemeente twa herfoarme tsjerken en ien grifformearden-ien. Sadwaande waard de grifformearde tsjerke fan Lollum oerstallich achte en yn 2016 fûn der de lêste tsjinst plak.[1] Foar it monumintale tsjerkegebou, dat de bynamme fan 'Greidhoeke-katedraal' draacht, wurdt anno 2017 in nije bestimming socht.[2] De tsjerke waard boud yn 'e jierren 1914-1915; de byhearrende pastory datearret fan 1898.[3]
grifformearde tsjerke fan Lollum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Lollum | |
adres | Waaksenserwei 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1914-1915 | |
arsjitekt | Ane Nauta | |
offisjele webside | ||
www.tsjerkelollumwaaksens.nl |
19e-iuwske sitewaasje
bewurkje seksjeTrochdat yn de njoggentjinde iuw yn Fryslân it floreenstelsel noch jimmeroan fan tapassing wie, waarden in soad tsjerklike gemeenten tsjin harren wil opskipe mei dûmnys mei frijsinnige opfettings. Ek bestie der yn dy tiid grutte ûnfrede oer de ynfiering fan de nije tsjerke-oarder fan 1816 troch kening Willem I. Twa grutte skuorrings yn de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke wiene it gefolch: de Ofskieding fan 1834 en de Doleânsje. De Ofskieding gyng oan it yn de njoggentjinde iuw noch slim isolearre Lollum foarby, mar de klap kaam letter mei de Doleânsje nammenste hurder oan.
Untstean fan de grifformearde gemeente fan Lollum
bewurkje seksjeNei't Lollum yn 1883 de dûmny kwytrekke troch in berop fan in oar plak, namen neffens it reglemint fan de Herfoarme Tsjerke oare predikanten út de ring fan de klassis Boalsert de taak op har om, oant in nije dûmny befêstige waard, yn it doarp de tsjinst foar te gean. Ien fan dy dûmnys wie Roelof de Haas út Winsum, dy't bekend stie om syn frijsinnigens.
No wie Lollum in rjochtsinnige gemeente en doe't dûmny De Haas kaam te preken naam dy syn trekken waar om ris goed oer syn liberale opfettings oer it leauwe út te wreidzjen. Yn syn preek neamde er ta besauwing fan de gemeente û.o. de Hillige Skrift "in papieren paus", dy't de minsken yn slavernij hold. Nei ôfrin fan de tsjinst rôp âlderling Arie Elshout (1829-1922) de dûmny ta ferantwurding en lies him it ûndertekeningsformulier mei it ûnthjit foar, dat ea troch De Haas tekene wie om dûmny wurde te kinnen. Ek in tsjerkfâd die der ûnder ynstimming fan de gemeente it sines ta, en doe joegen hja De Haas de gelegenheid it tsjerkegebou te ferlitten.
De dûmny dy't Lollum beroppen hie, waard koarte tiid letter befêstige, mar bleau net lang en nei twa jier siet Lollum wer sûnder predikant. De tsjerkeried liet fuort oan de ring Boalsert witte gjin priis te stellen op dûmnys dy't de Skrift leagenen. Wylst oare frijsinnige dûmnys it stânpunt fan de Lollumer tsjerkeried respektearren, wie it De Haas dy't op syn rjocht stean bleau om, salang as de fakatuere iepen wie, ek yn Lollum foar te gean.
Op snein 28 novimber 1886 kaam De Haas op 'e nij yn Lollum en diskear naam er in grutte kloft folk mei om sa "de yntocht fan it modernisme yn Lollum op te fleurjen". De tsjerkeried, lykwols, bleau wei, sa ek de oargelist en de foarlêzer. De klok bleau stil en fan de gemeenteleden kaam hast nimmen opsetten. De Haas die syn beklach by it klassikaal bestjoer en de tsjerkeried krige in skriftlike beskrobbing.
Noch woe dy net yn doleânsje gean en dêrom berôp men de herfoarme dûmny Guldenarm (1824-1907), in otterdokse predikant dy't 127 beroppen krige hie, mar der foar keas om mei emeritaat te gean. De Haas kaam no foar in tredde kear yn Lollum en wer bleaune de tsjerkeried en it grutste part fan de gemeente thús. In pear wike letter wie it de fiering fan it hillich jûnsmiel, dat betsjinne wurde soe troch de konsulint dy't ek de skriftlike beskrobbing oan it adres fan de tsjerkeried mei ûndertekene hie. Foar it earst naam de tsjerkeried dy sneins net diel oan it jûnsmiel.
No wie it de hichte wol foar de tsjerkeried en op 2 july 1887 krigen alle gemeenteleden in brief fan de tsjerkeried dat de ried fan doel wie om de tsjerke-oarder fan 1618 wer jildich te meitsjen en te brekken mei it herfoarme tsjerkeferbân. Dy snein bepleite âlderling Elshout yn de tsjerke de úttrêding út de herfoarme tsjerke. Likernôch 90% fan de leden folge de tsjerkeried en sleat him oan by de Nederdútske Grifformearde Tsjerke. De lytse minderheid dy't lidmaat bleau fan de herfoarme tsjerke krige de doe krekt restaurearre tsjerke, it nije oargel en it besit fan de tsjerke tawiisd.
De earste tsjerke
bewurkje seksjeDe dolearjende gemeente brocht lykwols yn koarte tiid sa'n soad jild byinoar, dat der al op 19 jannewaris 1890 krekt bûten it doarp in nije tsjerke yn gebrûk nommen wurde koe. Yn 1892 gyng de gemeente (dy't doe "Dolerende kerk te Lollum en Waaxens" hiet) mei oer nei de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
De twadde tsjerke
bewurkje seksjeAl gau die bliken dat de earste tsjerke te lyts waard en yn 1914 naam de tsjerkeried it beslút om in gruttere tsjerke te bouwen. De earste tsjerke waard troch de grifformearde gemeente fan Penjum kocht en stien foar stien ôfbrutsen om dêr oan de Pibemaleane wer opboud te wurden. Op de earste krystdei fan 2007 waard dêr foar it lêst in tsjinst holden en sûnt krige it gebou in oare bestimming.
De twadde grifformearde tsjerke fan Lollum waard nei in ûntwerp fan arsjitekt Ane Nauta boud en op 26 oktober 1915 yn gebrûk nommen. It ienmanualige oargel mei acht registers waard yn 1890 boud troch P.J. Adema.
Yn de tsjerke is romte foar 450 minsken, mar it dramatyske sakjen fan it tal ynwenners fan Lollum yn kombinaasje mei de tanimmende sekularisaasje makke it gebou oerstallich. Yn 2016 waard der yn de grifformearde tsjerke foar it lêst in tsjinst holden. De tsjerke is yn 2014 oerdroegen oan de stifting Greidhoekekathedraal en kin, as dat nedich wêze mocht, troch de protestanske gemeente hierd wurde.[4] Ek foar net-tsjerklike gearkomsten is it gebou yn prinsipe beskikber.
De protestantske gemeente Lollum-Waaksens hat noch altiten de beskikking oer twa oare monumintale tsjerken: de Hubertustsjerke en de Tomastsjerke.[5]
Op tongersdei 9 jannewaris 2020 waard yn 'e grifformearde tsjerke fan Lollum troch de Evangelyske Omrop it tillefyzjeprogramma NieuwLicht opnommen. Dêryn diene trije teams in útstel foar werbestimming fan it gebou. De tsjerke hie anno 2020 sa stadichoan, neffens dû. Liuwe Westra, dy't him as sekretaris fan 'e Stichting Greidhoekekatedraal mei it behear dwaande hold, foar mear as €500.000 oan efterstallich ûnderhâld. "En dat is allinnich noch mar it heechst needsaaklike ûnderhâld," foege Westra dêroan ta. Reden foar it fertuteazjen fan it gebou wie neffens him dat it net de status fan ryksmonumint hie, mei as gefolch dat it foar in protte subsydzjeregelings gewoan net yn oanmerking kaam. De trije teams dy't oan NieuwLicht meidiene, kamen mei frijwat ferskillende ideeën. Ien team seach foar de tsjerke it measte takomstperspektyf as rêstjaande ruïne, wylst it twadde mei in plan op 'e lapen kaam dat foarseach yn lúkse swevende keamers dy't op katrollen boppe-yn it tsjerkegebou bewege soene. It idee dat de measte byfal fan 'e Lollumers krige, woe it gebou feroarje yn in mienskipssintrum mei in winkeltsje, moetingsplakken foar keunstners en sliepplakken yn 'e tsjerketoer. De yn it gebou opnommen ôflevering fan NieuwLicht waard op 9 febrewaris 2020 útstjoerd op NPO2.[6][7]
Trivia
bewurkje seksjeOp freed 11 novimber 2016 waard yn 'e grifformearde tsjerke fan Lollum de feestlike presintaasje holden fan De Twa Tuorren, de Fryske oersetting fan The Two Towers, it twadde diel fan 'e ferneamde Lord of the Rings-trilogy fan 'e Ingelske fantasy-skriuwer J.R.R. Tolkien. Dat barren waard organisearre troch de Stifting Fryske Tolkien yn gearwurking mei de oersetter, Liuwe Westra, dy't yn Lollum wennet en dêr (herfoarme) dûmny west hat.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|