Griissleat

(Trochferwiisd fan Grijssloot)

Griissleat, Nederlânsk: Grijssloot, is in buorskip yn de gemeente De Marne yn de provinsje Grinslân. De buert leit wat benoarden Leens en bestiet út acht huzen oan in dearinnende dyk. Foar fytsers is it dykje mei in hoogholtje oer de Hoornse Vaart ferbûn mei Wehe-den Hoorn.

De twa eastlikste pleatsen sjoen oer de Hoornse Vaart

Grijssloot leit op in âlde kwelderwâl, de tredde kwelderwâl dy't him yn de Midsiuwen, grif yn de tsjiende iuw, yn De Marne foarme hat. Op dy kwelderwâl waarden dêrnei wierden opsmiten. By hast alle pleatsen yn de omkriten binne dy noch werom te finen. De wierden binne frij leech, omdat goed twahûndert jier nei de bou fan dy wierden de earste seediken klear kamen. Dêrmei ferdwûn de needsaak om de wierden hieltiten fierder op te heegjen.

De komôf fan de namme is ûnwis, omdat him yn de omkriten, sa't men ferwachtsje soe, gjin wetter te finen is mei de namme Grijssloot.