Grutte Tsjerke (Swol)

De Grutte - of Sint-Michaelstsjerke is in protestantske tsjerke oan de Grutte Merk (Grote Markt) yn de Oeriselske stêd Swol.

Grutte Tsjerke

Grote Kerk

Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Oerisel
plak Swol
adres Grutte Merk
koördinaten 52° 30' 42" NB, 6° 05' 31" EL
Arsjitektuer
boujier 1406-1466
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 41666
Webside
Grutte Tsjerke
Kaart
Grutte Tsjerke (Swol-Binnenstêd)
Grutte Tsjerke
Filmke fan it ynterieur mei muzyk fan it Schnitgeroargel

Skiednis bewurkje seksje

 
In romaansk oantinken oan de foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke

Op it plak fan de hjoeddeiske stie oarspronklik in houten tsjerke út de 10e iuw, dy't letter ferfongen waard troch in stiennen tsjerke. Yn de Korte Ademhalingssteeg is in romaansk reliëf fan dy tsjerke ynmitsele. Tusken 1406 en 1466 waard de tsjerke ferboud ta in trijeskippige goatyske halletsjerke, wêrfan't de sydskippen like heech binne as it middenskip.

Oan de tsjerke stie ea de heechste klokketoer fan Nederlân. De toer wie 115 oant 120 meter heech en waard meardere kearen troch de bliksem troffen. Dat ferswakke de toer en lang om let stoartte de toer mei in swiere stoarm yn 1682 yn. Tidens dizze ramp gyng ek in diel fan it westlike part fan de tsjerke en it âlde oargel ferlern. Op it plak fan de toer waard in achtsidige konsistoarje boud en dêrmei waard de tsjerke foars koarter.[1]

Ynterieur bewurkje seksje

 
Oersicht ynterieur
 
Schnitger-oargel

Yn de byldestoarm waard in soad yn de tsjerke fernield. It besjen wurdich binne tsjintwurdich de preekstoel út 1622, it koerhek út 1597 en it grutte Schnitgeroargel, dat yn 1721 in plak yn de tsjerke krige.

Patroanhillige bewurkje seksje

De Grutte Tsjerke wie oarspronklik oan de patroanhillige fan de stêd, de aartsingel Michael, wijd. Yn de 19e iuw waard der wer in roomske Michaeltsjerke yn Swol boud, mar dy moast yn de jierren 1960 op oantrún fan de gemeente plak meitsje foar de bou fan in winkelkompleks.[2] Ta oantinken fan de patroanhillige fan de Grutte Tsjerke stiet de ingel op it spits fan it foarportaal en is der in ôfbyld yn it koarraam oanbrocht. Sûnt 2010 stiet der ek in moderne ingel fan glês op it plein foar de tsjerke. It orkest Musica Michaelis fynt har oarsprong yn de Grutte Tsjerke en ek de kantorij dy't alle freedtejûnen repetearret yn de kosistoarje fan de tsjerke draacht de namme Michael.

Oargel bewurkje seksje

It monumintale oargel fan de Grutte Tsjerke waard boud troch de Noard-Dútske oargelbouwer Arp Schnitger en nei syn dea yn 1719 foltôge troch syn soannen Frans Casper en Johann George. It wurdt rekkene ta de bêste barokoargels fan de wrâld en hat mear as 4000 pipen en 64 registers. It front is in ûntwerp fan de Amsterdamske byldhouwer Jurriaan Westerman.[3]

Ofbylden bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: