Grutte of Sint-Laurenstsjerke (Rotterdam)

De Grutte of Laurenstsjerke is in letgoatysk tsjerkegebou yn de binnenstêd fan Rotterdam. De tsjerke baarnde mei it bombardemint op Rotterdam yn maaie 1940 oant op de muorren út, mar neitiid fûn weropbou plak. De tsjerke besit mei 7600 pipen it grutste oargel fan Nederlân.

Grutte of Sint-Laurenstsjerke

Grote of Sint-Laurenskerk

Overzicht toren - Rotterdam - 20377457 - RCE.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Rotterdam wapen.svg Rotterdam
adres Grotekerkplein 15
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier twadde helte 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 32783 [1]
webside Side Laurenstsjerke

SkiednisBewurkje

Tsjerke en toerBewurkje

Op it plak fan it hjoeddeiske koer fan de tsjerke stie yn 1350 al in halletsjerke sûnder toer, dy't oan Laurentius en Magdalena wijd wie. Mei de bou fan de toer waard yn 1449 útein set. Tsjin it ein fan de 15e iuw wie de tsjerke foltôge. De toer wie yn dy tiid like heech as de tsjerke en waard pas yn 1548 heger makke. Yn 1621 krige de toer in houten spits neffens in ûntwerp fan Hendrick de Keyser. It hout wie lykwols fan minne kwaliteit en yn 1645 moast de spits ôfbrutsen wurde. Yn de jierren 1645-1646 waard de toer troch Dirc Versijde nochris ferhege nei de hjoeddeiske hichte, mar it die bliken dat de toer te swier woarn wie foar de fundearring. De toer moast op 'e nij oanheid wurde mei 500 grenen peallen en de fundearring waard ferswierre. Yn 1655 stie de toer wer rjocht.

 
Ynterieur nei de reformaasje (Cornelis de Man, 1664)

Toer en tsjerke wiene ynearsten fan inoar skieden troch in wetterke dat Slikfeart hjitte. It waard de tsjerke net tastien om de feart te sljochtsjen fanwegen de freze foar ôfwetteringsswierrichheden. Nei 1460 wiene hja dêr net mear sa benaud foar en koe it wetter tichtsmiten wurde, sadat it skip langer makke en oansletten wurde koe op de toer.

ReformaasjeBewurkje

De lêste pastoar fan de Laurenstsjerke wie Hubert Duifhuis. Yn 1572 waard de eartiids roomske tsjerke feroare yn in protestantske tsjerke. In echte byldestoarm hat net yn de tsjerke plakfûn. Op 15 novimber waard der yn in de op oardelike wize fan alters en bylden suvere tsjerke in earste grifformearde predikaasje holden troch dûmny Cornelis Cooltuin. Ta de ferneamde predikanten fan de Laurenstsjerke hearden Casparus Nicolai Grevinckhoven, de earste predikant nei de herfoarming, Wilhelmus à Brakel (skriuwer fan it boek Redelijke Godsdienst, een laagdrempelige dogmatiek), Abraham Hellenbroek (skriuwer fan it kategisaasjeboekje Voorbeeld der Goddelijke Waarheden voor bevindelijk gereformeerden), Johannes Jacobus van Oosterzee en J.R. Callenbach, dy't yn 1910 in boekje skreau oer de skiednis fan de tsjerke.

Nei 1940Bewurkje

 
De tsjerke yn it bombardearre lânskip

By it bomardemint op Rotterdam op 14 maaie 1940 rekke de tsjerke swier skeind. De brân yn de omjouwing fan de tsjerke sloech oer op de toer, dy't op dat stuit yn 'e houten steigers stie. It fjoer sloech fan 'e toer oer op de tsjerke. Ynearsten wie it de winsk om de útbaarnde tsjerke hielendal te slopen, mar Adolf Hitler sels ferbea dat. De tsjerke waard Auf Befehl des Führers unter Kunstschutz gestellt.

 
Kenininne Juliana, dy't de earste stien foar de weropbou lei

Ek yn de Rykskommisje foar de Monumintesoarch wiene foar- en tsjinstanners fan restauraasje. Benammen it kommisjelid arsjitekt J.J.P. Oud wie foarstanner fan folsleine ôfbraak en woe allinne de toer as betinkingsplak behâlde. Efter de toer moast yn syn plan in nije, lytsere tsjerke komme mei dêrtusken in fiver. It plan makke gjin kâns om't de tsjerke as in symboal fan de Rotterdamske mienskip beskôge waard. Yn 1952 lei keninginne Juliana de earste stien foar de restauraasje, dy't yn 1968 foltôge waard.

Yn 1971 waard troch de herfoarme gemeente Rotterdam it Laurenspatoraat stifte, dat sûnt alle sneinen de tsjerketsjinsten fersoarget. Yn 1981 waard de tsjerke ek it tsjerklik sintrum fan de frijsinnige wykgemeente Maaskant/Open Grenzen.

UtwreidingBewurkje

Healwei de jierren 1970 hie de tsjerke mear gebrûksromte nedich. De arsjitekt Wim G. Quist ûntwurp foar dat doel fiif mei grize stien beklaaide kubussen fan fiif by fiif meter, dy't in plak krigen tsjin de noardlike muorre fan de tsjerke. De romte tusken de kubussen is fan glês yn swarte kezinen. It ûntwerp krige in soad krityk en de kubussen waarden "de kisten fan Quist" neamd. De kubussen hawwe in eigen funksje en kinne los fan inoar brûkt wurde.

It besjen wurdichBewurkje

 
Ynterieur
 
Grêfmonumint Johan van Brakel

De brûnzen doarren fan de tagong troch de toer stelle frede en kriich foar en binne it ûntwerp fan de Italjaanske byldhouwer Giacomo Manzù. It doopfont is fan Hans Petri.

By de restauraasje krige de tsjerke in brânskildere raam fan Gunhild Kristensen, dat de útstoarting fan de Hillige Geast foarsteld. Nei't oan it begjin fan de 21e iuw de ûntwerpen fan de ramen oan wjerssiden fûn waarden, binne dy ek útfierd en yn 2017 ynbrocht.

It koperen koerhek is in diel fan it oarspronklike koerhek dat tusken 1712 en 1715 makke waard. It stie eartiids yn it koer tusken de twadde rige pilaren fan it koer, mar by it bombardemint op de stêd waard it slim skeind. De minder skeinde dielen krigen nei in restauraasje it hjoeddeiske plak efter yn it koer. irut tal fan de likernôch 1350 grêfsarken. De measten dêrfan stamden út de tiid nei de reformaasje. Wat oerbleau en noch te restaurearjen wie krige wer in plak yn de tsjerke. De tsjerke hat trije grêfmonuminten:

  • it monumint foar Johan van Brakel (yn de kapel fan it noarder dwersskip), ferstoar yn 'e âldens fan 72 jier by Besevier yn in slach tsjin de Frânsen;
  • ek yn it noarder transept is in monumint foar de Grinslanner Egbert Meussen Kortenaer dy't û.o. tsjinne as kaptein ûnder admiraal en yn 1665 ferstoar yn de Twadde Ingelske Kriich by Lowestoft;
  • in oar monumint betinkt Witte de With, dy't yn 1658 stoar yn de Sweedk-Nederlânske Kriich yn de Slach by de Sont.

By it grêfmonumint fan admiraal Kortenaer hinget in skipsmodel fan it 16e-iuwske galjoen De Liefde.[2]

Sûnt 2010 wurde yn alve fan de sechtjin earder lege kapellen in útstalling holden mei as tema Een monument vol verhalen.

OargelsBewurkje

 
Haadoargel

De tsjerke hat fiif oargels. It haadoargel en it piipwurk fan it transeptoargel en it koeroargel waarden nei de kriich levere troch de Deenske oargelboufirma Marcussen & Søn. Dy trije oargels waarden troch de organist George Stam beskreaun as: "De kening yn it skip, de jonge prins yn it transept en it lytse prinseske yn it koer".

  • It haadoargel mei fjouwer manualen, 85 registers en 7600 pipen is 23 meter heech en it grutste oargel mei mechanyske traktuer fan Europa. De oargelkas is in ûntwerp fan de arsjitekt J.W.C. Besemer. It moarmeren oksaal is in rekonstruksje fan it oksaal (J.Cuidici 1746-1819) fan it yn de kriich ferneatige haadoargel en hat noch oarspronklike brûnzen dekoraasjes. It oargel waard foltôge yn 1973 en bysûnder is it nije chamadewurk (in rige tongwurken) boppe de spyltafel.
  • Fan it transeptoargel mei 44 registers is de oargelkas ôfkomstich út de Grutte- of Bartoloméustsjerke fan Schoonhoven. De oargelkas stamt út 1539 en waard makke troch de houtfiker Adriaan Schalcken út De Bosk foar in oargel dat op it eardere doksaal stie en dat troch Hendrik Niehoff boud wêze soe. De oargelkas waard útwreide mei in rêchwurk en yn 1959 troch Marcussen mei in nij ynstrumint yn it transept boud.
  • De oargelkas fan it koeroargel mei acht registers datearret út 1720 en hat eartiids yn in âldkatolike skûltsjerke yn Amsterdam stien. Ek foar dat oargel hat Marcussen nij piipwurk makke.
  • Yn 1963 makke de firma Van Vulpen yn Utert in nij kapelorgel mei fiif registers, dat yn 1990 yn de kapel fan de tsjerke in plak krige.
  • Foar keamermuzyk besit de tsjerke sûnt 2006 in lyt kistoargel, makker troch de oargelbouwer Klop út Garderen.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: