Gryt van Duinen (Keimpetille, 19 juny 1950Wytmarsum, 3 april 2023[1]) wie in presintatrise, sjoernaliste, ferslachjouster en programmamakster by Omrop Fryslân. Hja wie mear as fjirtich jier lang belutsen by de Fryske radio en tillefyzje en ûntjoech har yn dy tiid ta ien fan 'e bekendste gesichten fan 'e Omrop. Njonken har sjoernalistike wurk sette Van Duinen har ek yn foar ferskate maatskiplike organisaasjes en wie se de betinkster fan Simmer 2000, in grut opsette fiering fan 'e Fryske identiteit ta gelegenheid fan 'e milenniumwiksel. Fierders wie Van Duinen as politika foar de PvdA fjouwer jier lid fan 'e Provinsjale Steaten fan Fryslân.

Gryt van Duinen
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gryt van Duinen
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 juny 1950
berteplak Keimpetille
stoarn 3 april 2023
stjerplak Wytmarsum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, ferslachjouster,
programmamakster
medium radio, tillefyzje
wurksum by Omrop Fryslân
bekend fan sniewinter fan 1979
jierren aktyf 19752013
prizen Fryske Parsepriis 2000
Gouden Liuwke 2001

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Van Duinen waard yn 1950 berne op Keimpetille, in buorskip dy't op nei it súdwesten yn 'e himrik fan Dronryp leit, oan 'e igge fan it Van Harinxmakanaal. Hja wie de dochter fan Wybren van Duinen, in melkfeehâlder, en dy syn frou Sietske de Groot. Nei't se de Middelbere Famkesskoalle ôfrûne hie, learde Van Duinen troch foar fysioterapeute. Dy oplieding briek se lykwols ôf doe't se de kâns krige om by Omrop Fryslân oan it wurk.

Karriêre bewurkje seksje

Van Duinen kaam yn 1971 by Omrop Fryslân, yn 'e tiid dat it noch de Fryske ôfdieling fan 'e RONO wie, dy't hiel Noard-Nederlân en teffens East-Nederlân betsjinne. Se wie dêr de earste froulike redakteur. Fan 1975 ôf wie se as presintatrise op 'e radio te beharkjen. Har trochbraak as de "stim fan Fryslân" kaam yn 'e winter fan 1978-1979, doe't se ûnder en nei de sniestoarm fan 14 febrewaris, dy't it iepenbiere libben yn Fryslân folslein lamlei, yn 'e mande mei har kollega's Eelke Lok en Rein Tolsma suver oan ien wei troch op 'e radio wie om ferslach te dwaan oer de ekstreme sniefal en alle swierrichheden dy't dêrtroch feroarsake waarden.

Yn 'e 1980-er jierren wurke Van Duinen behalven as presintatrise ek as ferslachjouster foar Omrop Fryslân. Yn 1992 stapte se oer nei de ôfdieling Lanlike Telefyzje, wêrfoar't se djipdollende en persoanlike dokumintêres makke, dy't op sneintemoarn útstjoerd waarden op Nederlân 2 om neitiid op 'e eigen tillefyzjestjoerder fan Omrop Fryslân werhelle te wurden.

Om 'e iuwwiksel hinne wie Van Duinen de betinkster en ien fan 'e driuwende krêften efter Simmer 2000. Dat wie in grut opset en tige súksesfol projekt mei tal fan regionale en lokale aktiviteiten ta fiering fan 'e Fryske identiteit yn ferbân mei de ein fan it âlde milennium en it begjin fan it nije. It is benammen yn it kollektyf ûnthâld fan 'e Friezen stykjen bleaun fanwegen ien ûnderdiel, de Grutte Friezereüny, wêrby't Fryske emigranten en har neikommelingen útnûge waarden om yn 'e simmer fan 2000 massaal werom te kommen nei Fryslân. Foar har ynset foar Simmer 2000 ûntfong Van Duinen yn 2000 de Fryske Parsepriis en yn 2001 it earste Gouden Liuwke fan 'e stêd Ljouwert.

Njonken har deistich wurk by Omrop Fryslân wie Van Duinen bestjoerslid foar it Frysk Festival. Ek siet se yn it bestjoer en wie se it gesicht fan 'e Stichting Keimpetille: It Pontsje Werom. It krewearjen fan dy organisaasje brocht yn 'e simmermoannen op Keimpetille it fearpontsje oer it Van Harinxmakanaal werom, dat Van Duinen noch koe út har jonkheid. Fierders wurke se gauris as petearsliedster by alderhanne gearkomsten. Se wie ek aktyf yn 'e regionale polityk. Sa siet se fan 2007 oant en mei 2011 foar de Partij van de Arbeid yn 'e Provinsjale Steaten mei as portefúlje Taal en Kultuer.

Priveelibben bewurkje seksje

Sûnt de twadde helte fan 'e 1990-er jierren oant syn ferstjerren yn 2005 hie Van Duinen in relaasje en wenne se gear mei de histoarikus en publisist Jan Pyt Janzen (1945-2005). Se wenne lang te Goutum, ûnder Ljouwert.

Lettere jierren en ferstjerren bewurkje seksje

Doe't der yn 2013 by Omrop Fryslân omreden fan besunigings in nije reorganisaasje oankundige waard, besleat Van Duinen dat net ôf te wachtsjen. Ynstee gie se mei prepinsjoen. Neitiid waard se ferjitlik en net lang nei't se opholden wie te wurkjen waard by har de sykte fan Alzheimer fêststeld. Yn 2018 koe se net mear thúsbliuwe en ferhuze se fan Goutum nei it fersoargingshûs September, yn Wytmarsum. Dêr waard se har lêste fiif libbensjierren ferpleegd. Op 'e lette jûn fan moandei 3 april 2023[2] ferstoar Van Duinen dêre yn 'e aldens fan 72 jier oan 'e gefolgen har sykte.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oenema, Rixt, Omrop-journalist Gryt van Duinen (72) overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 5 april 2023, s. 27.