Gustavo Salinas Camiña (Cuatro Ciénegas, 17 july 1893- dêre, 5 maart 1964) wie in Meksikaansk militêr en fleander. Salinas wie de earste piloat yn de skiednis dy't in loftbombardemint boppe it Amerikaanske kontinint útfierde.

Gustavo Salinas

Nei syn skoaloplieding ferfarde Salinas nei New York om him dêr ta te lizzen op de loftfeart. Yn 1912 gie er werom nei Meksiko en sleat him oan by it leger fan Francisco I. Madero. Nei de delfal fan Madero gie er by it Konstitúsjonalistyske Leger fan Venustiano Carranza yn de striid tsjin diktator Victoriano Huerta. Op 14 april 1914 bombardearre er mei selsmakke bommen it oarlochsskip Cañonero Guerrero yn de Golf fan Kalifornje. It skip hie fansels noch gjin loftôfwar en waard twong har tebek te lûken. Yn 1915 waard de Meksikaanske Loftmacht oprjochte mei Salinas as earste befelhawwer.

Nei ôfrin fan de Meksikaanske Revolúsje waard er militêr attasjee yn Belgje, it Feriene Keninkryk en Frankryk. Yn 1929 sleat er him oan by de opstân fan generaal José Gonzalo Escobar, dy't lykwols ferslein waard sadat Salinas it lân ûntflechtsje moast. Ein jierren '30 kaam er werom yn Meksiko. Under de Twadde Wrâldkriich wie er de organisator fan Eskader 201, in ûnderdiel fan de Meksikaanske loftmacht dat oan de kant fan de Alliearden de Japanners befocht. Salinas stoar yn 1964.

Keppeling om utens bewurkje seksje