De hûnen (Latynske namme: Canis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae), de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae), de tûke fan 'e echte hûnen (Canini) en de ûndertûke fan 'e wolfeftigen (Canina). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûn en wolf en harren neiste sibben.

Hûnen
De grize wolf (Canis lupus).
De grize wolf (Canis lupus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: echte hûndieren (Cynoidea)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
tûke: echte hûnen (Canini)
ûndertûke: wolfeftigen (Canina)
skaai: hûnen (Canis)
Linnaeus, 1758

Taksonomy bewurkje seksje

Der libje hjoed oan 'e dei seis of acht ûnderskate soarten út it skaai fan 'e hûnen, ôfhinklik fan 'e fraach oft men de hûn (Canis lupus familiaris) en de dingo (Canis lupus dingo) as ûndersoarten fan 'e grize wolf (Canis lupus) beskôget of as selsstannige soarten. De measte saakkundigen hâlde it derop dat it ûndersoarten fan 'e grize wolf binne, en dy yndieling is dêrom hjirûnder folge. Yn 2015 die út DNA-ûndersyk bliken dat de Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster), dy't oant doe ta as in fariant fan 'e goudjakhals (Canis aureus) beskôge wie, feitliks in aparte soarte is, dy't nauwer besibbe is oan 'e wolven as oan 'e jakhalzen.

Lichaamlike skaaimerken bewurkje seksje

De soarten fan it skaai fan 'e hûnen ferskille yn grutte fan 'e goudjakhals (Canis aureus), dy't maksimaal 20 kg swier wurdt, oant de grize wolf, dy't mear as 75 kg weagje kin. De domestisearre hûn (Canis lupus familiaris) komt foar yn in grut tal rassen, dy't noch folle gruttere ferskillen yn lichemsgrutte fertoane, fan 'e chihuahua, dy't mar ½ kg weagje kin, oant de Ierske wolfshûn en de Deenske dogge, dy't útgroeie kinne oant mear as 80 kg.

Fersprieding bewurkje seksje

Soarten út it skaai fan 'e hûnen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. De grize wolf (Canis lupus) hat fan alle soarten fierwei it grutste ferspriedingsgebiet, dat rint fan it Ibearysk Skiereilân fia Jeropa, Noard-Aazje en Noard-Amearika oant yn Grienlân en fan noardlik Sibearje oant yn Araabje en Yndia. Men soe lykwols úthâlde kinne dat de hûn, dy't al lang lyn troch de minske domestisearre is en him ûntjûn hat ta ien fan 'e meast holden húsdieren, in noch gruttere fersprieding hat.

 
De grize wolf (Canis lupus).
 
De moannewolf (Chrysocyon brachyurus).
 
De prêrjewolf (Canis latrans).
 
De goudjakhals (Canis aureus).
 
De Aziatyske wylde hûn of dhole (Cuon alpinus).
 
De hyenahûn (Lycaon pictus).

Soarten bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en General references, op dizze side.