Haadynspekteur

Haadynspekteur is in rang by de plysje fan ferskate lannen en territoaria. Yn Nederlân is it by it Korps Nasjonale Plysje in rang dy't leger is as dy fan kommissaris, mar heger as dy fan ynspekteur. Haadynspekteurs kinne wurkje by in breed skala oan ferskillende ûnderdielen fan 'e plysje en hawwe dêr hast altyd in liedingjaande funksje. By de measte basisteams fan 'e plysje hat bygelyks de teamsjef de rang fan haadynspekteur, en itselde jildt by wykteams foar de wykteamsjef. Ek teamsjefs by resjerzjetsjinsten, lykas de Tsjinst Lanlike Resjerzje fan it Korps Nasjonale Plysje, hawwe de rang fan haadynspekteur.

It rangûnderskiedingsteken fan in haadynspekteur fan it Korps Nasjonale Plysje (Nederlân).

Ek yn oare lannen komt by de plysje de rang fan haadynspekteur foar, lykas yn Belgje en Itaalje. Yn Belgje hawwe haadynspekteurs by de Federale Gerjochtlike Plysje lykwols gjin liedingjaande funksje. Yn oare lannen binne faak rangen mei oare nammen ferlykber mei haadynspekteur; sa komt de Nederlânske rang fan haadynspekteur by in protte plysjekorpsen yn 'e Feriene Steaten oerien mei de rang fan lieutenant ("luitenant") of captain ("kaptein").

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: