Haarlimmerlide en Spaarnwâld
Gemeente Haarlimmerlide en Spaarnwâld
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Noard-Hollân | ||||||
Boargemaster | |||||||
Haadplak | Healwei | ||||||
Oerflak - wetter |
21,19 km² - 1,95 km² | ||||||
Ynwenners | 6.054 | ||||||
Ferkearsieren | A9, A200, N200, N202 | ||||||
Netnûmer | 020, 023 | ||||||
Postkoades | 1165, 2060-2061, 2064-2065 | ||||||
Offisjeel webstee |
Haarlimmerlide en Spaarnwâld, somtiden ferkoarte ta Haarlimmerlide (Nederlânsk: Haarlemmerliede en Spaarnwoude), is in eardere gemeente yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, dy't op 8 septimber 1857 ûntstien is út 'e fúzje fan 'e doetiidske gemeenten Haarlimmerlide en Spaarnwâld. It is in plattelânsgemeente yn 'e ferstedske Rânestêd mei 6.054 ynwenners (2018). It oanlizzen fan it rekreaasjegebiet Spaarnwâld hat de gemeente fan in frij agraryske mienskip feroare yn in plak dêr't in protte toeristen komme.
Op 1 jannewaris 2019 waarde de gemeente Haarlimmerlide en Spaarnwâld by de gemeente Haarlimmermar weryndield.