De Haghatsjerke is de PKN-tsjerke fan 'e protestanske gemeente fan Heech.

Haghatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Heech
adres Tsjerkebuorren 2
koördinaten 52° 58' NB, 5° 36' EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1840
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39786
Webside
Side Protestanske gemeente Heech
Kaart
Haghatsjerke (Fryslân)
Haghatsjerke

De namme fan 'e tsjerke ferwiisd nei de namme Haghekercke, sa't de tsjerke yn 1132 op 'e list fan it Odulfuskleaster fan Starum neamd waard.

De oarspronklik oan 'e hillige Kristoffel en Sint-Wiro wijde midsiuwske tsjerke, in trijeskepich gebou mei sealtektoer, waard yn 1744 ferfongen troch nijbou. By de ôfbraak fan de midsiuwske tsjerke waard dowestien oantroffen, itjinge it wierskynlik makket dat dy tsjerke om 1200 hinne boud wie. Fan 'e âlde tsjerke bleau it koer stean en op 'e selde hichte brocht as de nije muorren fan de ienskippige nijbou.

 
Oargel.

Yn 'e 19e iuw waard it rûnom yn Fryslân wenst dat dûmny's frijsinnich begûnen te preekjen. Heech bleau dêrfoaroer rjochtsinnich en dat loek yn 'e tiid fan it Fryske Reveil sa'n soad tsjerkefolk út de omkriten, dat de tsjerke te lyts waard. Yn 1840 foel it beslút om de tsjerke út te wreidzjen. It eastlike diel mei it midsiuwske koer waard sloopt en ferfongen troch nijbou, sadat der in grut tal ekstra banken by set wurde koene.

Doe't de doleânsje him oantsjinne tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw, waard Heech ek meifierd: de dûmny, de hiele tsjerkeried, de tsjerkfâlden en in grutte mearderheid fan de gemeente briek mei de Herfoarme tsjerke en sletten harren oan by de Nederdútske Grifformearde Tsjerke. Lang om let waard de tsjerke tawiisd oan it folk dat de Herfoarme tsjerke trou bleau. De grifformearden lieten yn dy tiid in eigen tsjerke bouwe oan 'e Skatting.

Doe't de Herfoarme tsjerke troch de úttocht fan 'e dolearjenden fierstente grut woarn wie, waard yn 'e tsjerke in houten skiedingswand set. It eastlike diel fan 'e skiedingswand waard tenei brûkt as konsistoarje en yn 'e noardeastlike koermuorre ûnder it raam waard in yngong ta dy konsistoarje ynbrocht.

Yn 'e tsjerke efter it doopstek stiet tsjin it lewand dat de tsjerke fan de konsistoarje skiedt, de iken preekstoel. De preekstoel datearret út likernôch 1700. Oan it doopstek mei twa iepeningen ûnder bôgen is in koperen lessener mei in earn, dy't út 1821 stamt; de earn is lykwols nei alle gedachten âlder. Oan wjersiden fan 'e preekstoel hingje twa âlde psalmbuordsjes. De trije kroanluchters yn 'e tsjerke binne 18e-iuwsk.

Yn 'e toer hinget in klok út 1615 mei in diameter fan 102 sintimeter fan 'e klokkejitters Johan Franciscus en Thomas Simon

It tsjintwurdige oargel ferfong eartiids in âlder ynstrumint, dat yntusken mankeminten krige hie. It waard yn 'e jierren 1858-1860 ferfongen troch in ynstrumint fan 'e firma Van Dam & Soannen út Ljouwert.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: