Hanneke de Jong
Hanneke de Jong (* 18 juny 1952, Aldetrine) is in skriuwster en ûnderwizeresse.
Libben en wurk
bewurkje seksjeSy woeks op yn Sint Nyk, dêr't har heit skoalhaad wie. Hanneke gie nei de kweekskoalle en waard ûnderwizeresse yn Beusichem yn de Betuwe. In jier letter waard se beneamd oan de Hjerre Gjerritsskoalle yn Grou. Letter helle se it foech Frysk en joech dat fak oan skoallemienskip Slauerhoff yn Ljouwert en wurke letter oan skoallemienskip Piter Jelles.
Skriuwster
bewurkje seksjeAs bern skreaun se stikjes foar de berneside yn de Friese Koerier. Yn har Grouster tiid skreau se har earste mearke foar it Sint Piterfeest. De oare mearkes skreau se foar it Sinteklazefeest yn Wytmarsum. Mei Simy Sevenster skreau se ek twa revu’s: yn 1994 Segen mei it jild en in 1998 500!!!. Dêrnei gie se oer op it skriuwen fan berneboeken en koarte ferhalen. Yn 1990 wûn se dêrmei de Rely Jorritsmapriis. Har earste berneboek De kraan seit: drip ferskynde yn 1992 by de Afûk.
De lêste brief út 1999 krige yn juny 2000 de troch de Fryske Jeugdboekesjuery Sulveren Spjelde. Yn 2002 ferskynde har Nederlânske oersetting dy't yn 2002 in earfolle fermelding krige fan de Gouden Zoen-sjuery fan de CPNB (Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek) as ûnderdiel fan in jeugdboekenkampanje. Troch Omrop Fryslân waard it boek bewurke ta in multimediaprojekt, foar boekpromoasje yn it fuortset ûnderwiis. Yn it stik spilen ek Lianne Zandstra, Tamara Schoppert en Nynke Heeg.
De jeugdroman Sterke skouders (2004) kaam op de IBBY list of honour 2006 (International Board on books for Young People), dat betsjut dat it ynternasjonaal ta de top fan de jeugdliteratuer rekkene wurdt. Yn 2005 skreau se it aksjeboek De Betoverhoed foar de “Sutelaksje” en de “Berneboeketiid 2005” , yllustrearre troch Babs Wynstra. Foar Salsafamke krige se yn 2010 de Simke Kloostermanpriis.
Wurk
bewurkje seksjeBerneboeken
bewurkje seksje- De kraan seit: drip (1992)
- Tsien fersnellingen (1994)
- Aanst as it tsjuster wurdt (1995)
- De griene fretop (Ljochtmoanneboekje nr. 10, 1995)
- De geasten fan Sjaerdemastate (2000)
- De betoverhoed (aksjeboek foar bern 2005, foar Stichting It Fryske Boek)
- It ear fan Sven (2006)
- Mira en de betoverhoed (oersetting fan De betoverhoed, 2008)
- Radio Afke (2009)
- Weg met de jongens! (oersetting fan Radio Afke) (2011)
Jongereinboeken
bewurkje seksje- De lêste brief (1999)
- De laatste brief (oersetting, 2002)
- Sterke skouders (2004)
- Sterke schouders (oersetting, 2005)
- Salsafamke (2008, yn 2009 as Salsameisje yn it Nederlânsk ferskynd)
- Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen (2013)
Toaniel
bewurkje seksje- As de noardewyn gûlt (Sinteklazemearke, 1990)
- It swurd fan Grutte Pier (Sinteklazemearke, 1992)
- Tusken tolve en ien oere (Sinteklazemearke, 1993)
- Kroezels yn trollebollebosk (Sinteklazemearke, 1993)
- Doe't de mûtse fan de kening skeef stie (Sinteklazemearke, 1994)
- De segen mei it jild (mei Simy Sevenster, nijjiersrevu, 1994)
- 500!!! (mei Simy Sevenster, nijjierssrevue, 1998)
Prizen
bewurkje seksje- 1990 - Rely Jorritsmapriis foar ferhaal It wetter oan 'e lippen
- 2000 - Sulveren Spjelde berneboekesjuery foar De lêste brief
- 2002 - Gouden Zoen fan de CPNB (Collectieve Propaganda van het Nederlandse Boek) foar De laatste brief
- 2006 - Plak op de IBBY list of honour (International Board on Books for Young People) mei Sterke skouders
- 2010 - Simke Kloostermanpriis foar har jeugdroman Salsafamke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |