Hannie van Leeuwen

Johanna (Hannie) van Leeuwen (Delft, 18 jannewaris 1926Rotterdam, 1 augustus 2018) wie in Nederlânsk politika. Se wie út namme fan it Kristen-Demokratysk Appèl (CDA) lid fan de Earste en Twadde Keamer. Teffens wie se wethâlder en waarnimmend boargemaster. Mei 81 jier wie hja doe't se de Earste Keamer yn 2007 ferliet de âldste ôffurdige yn de Nederlânske senaat.

Hannie van Leeuwen

Biografy bewurkje seksje

Van Leeuwen gie yn de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch nei de mulo en dêrnei nei de middelbere hannelsjûnsskoalle. Yn de oarloch wie se koerierster foar Albrecht Hollands Glorie, in militêre spionaazjegroep. Yn 1941 waard se lid fan de Anty-Revolúsjonêre Partij (ARP). Se waard amtner by efterelkoar it Ministearje fan Ekonomyske Saken en de gemeente Rijswijk. Fan 1962 oant 1966 wie hja foarljochter foar it Nederlânske Kristlike Boere- en Túndersbûn (NCBTB).

Politike karriêre bewurkje seksje

 
Keamerlid Hannie van Leeuwen by in debat yn de Twadde Keamer oer swierrichheden by de lânmacht (1972)

Yn novimber 1966 waard Van Leeuwen lid fan de Twadde Keamer foar de ARP. Dêr wie se foaral dwaande mei sosjale saken en maatskiplik wurk en letter ek mei definsje. Hja wie in grut foarstanner fan de F16 as opfolger fan de F104 Starfighter. CPN-lieder Marcus Bakker neamde har yn dy tiid spottend Straaljager-Hannie, foaral ek fanwege har trochtaastende trêd. Yn 1971 waard se frege om steatssekretaris fan Sosjale Saken te wurden, mar dat woe se net om't koälysjepartijen VVD en DS'70 har te links fûnen. Yn 1975 gie der praat fan dat se steatssekretaris wurde soe fan Underwiis, mar dy kear betanke se foar de eare.

Yn 1978 ferliet se de Keamer út ûnfrede mei it optreden fan har fraksjefoarsitter Willem Aantjes by de formaasje fan it kabinet-Van Agt I. Se waard as Twadde Keamerlid opfolge troch de Aalsmeerse wethâder Fred Borgman. Fan 1 april 1978 oant 1 augustus 1980 wie Van Leeuwen concerndirekteur sosjale saken en personielsbeleid by de OGEM. Se wie op dat stuit al lid fan de gemeenteried fan Zoetermeer en soe letter, fan 1986 oant 1990, wethâlder yn dy gemeente wurde. Dêrnei wie hja waarnimmend boargemaster fan Hazerswoude en Nootdorp en fan 1991 oant 2001 foarsitter fan it Regionaal Bestjoer Arbeidsfoarsjenning De Haach/Delft. Yn 1995 waard se teffens yn de Earste Keamer keazen. Dêr spile se ûnder mear in wichtige rol by de behanneling fan de SOarchfersekeringswet, troch yn 2005 de Sikefûnsswet flink te wizigjen.

Yn maart 2003 waard troch fersekeringsmaatskippij IZA Nederland oan de Frije Universiteit in bysûndere learstoel 'partisipaasje fan pasjinten en boargers by sûnensbeslissingen' ynsteld dy't de namme fan Van Leeuwen krige. Doe't se net mear yn de Earste Keamer weromkaam waard Van Leeuwen yn juny 2007 ta lid fan it partijbestjoer fan it CDA keazen.

Om't Van Leeuwen har yn de fyzje fan de stichting Kristelik-Sosjaal Kongres op bysûndere wize aktyf en belutsen toande op it mêd fan it kristelik-sosjaal hanneljen, krige se op it Kristelik-Sosjaal Kongres yn augustus 2007 de Adriaan Borstprijs út hannen fan Earste Keamerfoarsitter Yvonne Timmerman-Buck.[1]

Yn 2009 ûntfong Van Leeuwen ek de Majoar Bosshardt Priis fanwegen har bysûndere ynset foar de maatskippij.

Op 22 oktober 2010 makke Van Leeuwen buorkundich op te hâlden mei al har aktiviteiten foar it CDA. De reden dêrfoar wie it neffen har "útklaaien" fan de âldereinsoarch yn it kabinet-Rutte I en de gearwurking fan har partij mei de PVV.[2] Se bleau wol lid fan de partij. By de Provinsjale Steateferkiezingen 2011 yn Súd-Hollân wie se listriuwer foar har partij.[3] Ek by de Twadde Keamerferkiezingen 2017 wie se listtriuwer út namme fan it CDA.[4]

Underskiedingen bewurkje seksje

Keninklike:

Oare:

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hannie van Leeuwen krijgt Adriaan Borstprijs, CDA, 15 aug 2007
  2. Hannie van Leeuwen staakt activiteiten voor CDA, Trouw, 22 oktober 2010
  3. Hannie van Leeuwen keert terug als lijstduwer, deondernemer.nl, 25 januari 2011
  4. CDA kandidatenlijst Tweede Kamer, cda.nl