Hanno de Grutte (Punysk: 𐤇‬𐤍‬𐤀‬‬, HNʾ) wie in rike Kartaachske aristokraat yn de tredde iuw f.Kr..

Hanno syn rykdom bestie út in soad lân dy't er besiet yn Afrika en Hispanje. Yn de Earste Punyske Oarloch late er dyjingen yn Kartago dy't tsjin de kriich mei de Romeinske Republyk wiene. Hy woe leaver it gebiet yn Afrika útwreidzje as om in seekriich tsjin Rome út te fjochtsjen, dêr't hy sels neat op foarút gean soe. Yn dat besykjen kaam er foar de Kartaachske generaal Hamilkar Barka, de heit fan Hannibal, oer te stean. Hanno demobilisearre de Kartaachske marine yn 244 f.Kr., dêr't Rome njonkelytsen de tiid krige syn marine op te bouwen. De Romeinen fersloegen de Kartagers yn de Slach by de Egadyske Eilannen yn 241 f.Kr.

Nei de kriich tekene Kartago it Ferdrach fan Lutatius mei Rome, dêr't besletten waard dat Kartago skeafergoedings oan Rome betelje moast. Troch in tekoart oan jild wegere Hanno de Berberske hierlingen te beteljen, dy't troch Hamilkar tasein waarden dat se beleane wurde soene. De hierlingen kamen yn opstân en de hierlingekriich bruts út. Hanno naam de lieding fan it Kartaachsk leger oer om se te ferslaan. Hy slagge der lykwols net yn en Hamilkar krige de lieding oer it leger. Dy wist de hierlingen yn 238 f.Kr. te ferslaan.

Syn bynamme "de Grutte" fertsjinne er mooglik troch syn oermasterings fan de fijannen fan Kartago yn Afrika. Hy bleau tsjin op kriich tsjin Rome, om't dat in útwreiding fan de marine betsjutte. Yn de Twadde Punyske Oarloch late er de opposysje fannijs en waard er derfan beskuldige dat er fersterkings dy't Hannibal, de soan fan Hamilkar, nei de Slach by Cannae yn Itaalje helpe moasten, tsjinhold. Dêrtroch koe Hannibal net de beslissende slach winne. Nei it belies fan Kartago yn de Slach by Sama yn 202 f.Kr. wie er ien fan de ûnderhannelers foar frede mei Rome

Boarne bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje