Harlekynkwartel
De harlekynkwartel (wittenskiplike namme: Coturnix delegorguei) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e kwartels of echte kwartels (Coturnix). Dit bist komt foar yn dielen fan benammen Súdlik en East-Afrika en de súdpunt fan it Arabysk Skiereilân. It is yn it meastepart fan syn ferspriedingsgebiet in stânfûgel. De harlekynkwartel is in omnivoar mei frijwat seksuele dimorfy, dy't nau besibbe is oan 'e bekendere (gewoane) kwartel (Coturnix coturnix). De IUCN klassifisearret de dizze fûgel as net bedrige.
harlekynkwartel | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Coturnix delegorguei | ||||||||||||
Delegorgue, 1847 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel |
Fersprieding
bewurkje seksjeIt ferspriedingsgebiet fan 'e harlekynkwartel beslacht in grut part fan Afrika. Yn Súdlik Afrika is it in stânfûgel, dy't foarkomt yn hiel Angoala, Sambia, Simbabwe, Swazylân en Malawy, en teffens yn it noarden fan Lesoto, it noardeasten fan Súd-Afrika, it noarden en westen fan Mozambyk, it noarden en easten fan Botswana en it noarden fan Namybje.
De harlekynkwartel komt ek as stânfûgel foar yn East-Afrika en dielen fan Sintraal-Afrika, dêr't syn areaal hiel Tanzania, Rûanda, Boerûndy en Oeganda beslacht, mei dêropta it súdwesten fan 'e Republyk Kongo, in hapke út it suden fan Gabon, it eilân Sao Tomee yn Sao Tomee en Prinsipe, it suden en de eastlike râne fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en it uterste suden fan Súd-Sûdaan. Yn 'e Hoarn fan Afrika is it in stânfûgel yn dielen fan it Etiopysk Heechlân yn Etioopje en it westen fan Eritreä. Fierders is de harlekynkwartel ek in stânfûgel op 'e súdpunt fan it Arabysk Skiereilân, yn westlik Jemen en it súdwesten fan Saûdy-Araabje.
Dêrnjonken komt de harlekynkwartel as simmerfûgel foar yn it suden fan Sûdaan, hast hiel Súd-Sûdaan en oanbuorjende dielen fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk en de Demokratyske Republyk Kongo, in brede stripe fan noardlik Nigearia fia súdlik Niger en noardlik Kameroen nei westlik Tsjaad, it easten fan Ivoarkust, it suden fan Somaalje en oanswettende kriten fan Kenia en Etioopje, en fierders yn 'e Yndyske Oseaan by de westlike kuststripe fan Madagaskar lâns, op 'e Komoaren en Majot en op it ta Jemen hearrende eilân Sokotra.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe harlekynkwartel hat trochinoar in lichemslingte fan 16–19 sm, mei in koart sturtsje dat eins suver gjin namme hawwe mei. Hoannen weagje 49–81 g, wylst hinnen wat foarser binne, mei in gewicht fan 63–94 g. Wylst de hinnen in ûnopfallende brune skutkleur hawwe, binne de hoannen op 'e kop, rêch, wjukken en sturt dûnkergrizich, op 'e bealch en siden kastanjebrún en op it boarst swart. Boppedat hawwe se opfallende wite streken oer de kop: ien dy't boppe de eagen lâns rint fan 'e snaffel oant de efterholle, en ien dy't fan 'e snaffel ôf ûnder de eagen troch rint nei de efterste eachhoeke. De kiel is ek wyt, mei twa swarte streken dertrochhinne.
Biotoop
bewurkje seksjeHarlekynkwartels libje op iepen gerslân lykas savanne en steppe. Ek komme se foar yn greiden en op ikkers dy't yn agrarysk gebrûk binne, salang't de begroeiïng dêr net te heech is.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeDe briedtiid falt foar de harlekynkwartel yn 'e reintiid, en ferskilt sadwaande fan regio nei regio. Nei de pearing makket de hin op in beskut plak middenmank opgeande begroeiïng in nêst besteande út in útskrabe dobke yn 'e ûndergrûn dat krap beklaaid wurdt mei wat plantegrien. Dêryn wurde 4–8 dûnkerbrún bespikkele, krêmkleurige aaien lein. De briedtiid duorret foar de harlekynkwartel 14–18 dagen. It lechsel wurdt troch de hin allinne bebret, hoewol't de hoanne yn 'e neite bliuwt en besiket om potinsjele rôfdieren by it nêst en letter by de piken wei te hâlden. De piken binne nêstflechters, dy't koart nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte en ûnder begelieding fan 'e hin sels op 'e sneup nei iten geane.
Fretten
bewurkje seksjeHarlekynkwartels frette benammen gerzen en krûden, mar dêrnjonken snippe se ek lyts wringeleas dierte, benammen lidpoatigen as sprinkhoannen, toarren, wantsen, eamels en termiten, en fierders tûzenpoaten en lytse slakken.
Status
bewurkje seksjeDe harlekynkwartel hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje oer it algemien stabyl liket te wêzen. Troch de ûnbehearske yntroduksje fan 'e Japanske kwartel (Coturnix japonica) as plomfee yn dielen fan benammen East-Afrika komt dy fûgel dêr no ek as eksoat yn it wyld foar. Yn westlik Kenia hat de konkurrinsje mei de Japanske kwartel laat ta in merkber ynkrimpen fan 'e autochtoane populaasje harlekynkwartels.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne 3 (stân fan saken yn 2018) erkende ûndersoarten fan 'e harlekynkwartel (Coturnix delegorguei):
- C. d. arabica Bannerman, 1929 (súdpunt fan it Arabysk Skiereilân)
- C. d. delegorguei Delegorgue, 1847 (Afrika besuden de Sahara, Madagaskar, de Komoaren, Majot en Sokotra)
- C. d. histrionica Hartlaub, 1849 (Sao Tomee)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Quellen, op dizze side
|