Harmen Beekkerk
(Trochferwiisd fan Harmen Wouters Beekkerk)
Harmen Wouter Beekkerk (Ljouwert, 18 novimber 1756 - dêre, 3 juny 1796) wie in Frysk keunstskilder.
Hy krige ûnderrjocht fan Johannes van Dreght yn Amsterdam fan 1774 oant 1776.[1] Carel Jacob van Baar van Slangenburgh, Petrus Groenia, Willem Bartel van der Kooi en Aldert Jacobs van der Poort wiene syn learlingen. Fan 1777 oant 1796 wenne en wurke er yn Ljouwert.[2]
Beekkerk skildere meast behangsels, portretten, histoarjestikken, allegoryen, en somtiids in lânskip. Wurk fan him hinget yn de fertrekkeamer fan it Ljouwerter stedhûs en yn it Frysk Museum.
-
Harmen Wouter Beekkerk - Lânskip mei in ruïne
-
Harmen Wouter Beekkerk - Ynterieur mei in boerefamylje om de hurd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|