Harry Chamberlin
militêr
Harry Chamberlin (1941)
Harry Chamberlin (1941)
persoanlike bysûnderheden
namme folút Harry Dwight Chamberlin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 19 maaie 1887
berteplak Elgin
stoarn 29 septimber 1944
stjerplak Monterey
wurkpaad
tsjinsttiid 1910-1944
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel 1st Squadron, 8th Cavalry Regiment
1st Squadron, 14th Cavalry Regiment

10th Forestry District, Civilian Conservation Corps
2nd Cavalry Regiment
Cavalry Replacement Center, Fort Riley
4th Cavalry Brigade, 2nd Cavalry Division
New Hebrides Task Force
Southwestern Security District Fort Ord

heechste rang Brigadegeneraal
konflikt(en) Moro Rebellion,
Pancho Villa-ekspedysje,
Earste Wrâldkriich,
Twadde Wrâldkriich
Harry Chamberlin
sporter
Harry Chamberlin mei Nigra (1928)
Harry Chamberlin mei Nigra (1928)
sportive ynformaasje
sport Hynstesport
ûnderdiel Eventing,
Springen,
Dresseur
O.S. Antwerpen 1920,
Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x 1932
Sulver grut sulver 1x 1932

Harry Dwight Chamberlin (Elgin, 19 maaie 1887 - Monterey, 29 septimber 1944) wie in Amerikaansk militêr en hynstesporter.

Sportkarriêre

bewurkje seksje

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1920, 1928 en 1932). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen mei it Amerikaanske eventing team, yndividueel wûn hy yn Los Angeles in sulveren medalje by it springen.

Militêre karriêre

bewurkje seksje

Chamberlin studearre yn 1910 ôf oan de Amerikaanske Militêre Akademy yn West Point. Begjinnend as luitenant by it 7e Kavaleryrezjimint en opklimmend oant de rang fan brigadegeneraal yn 1941 en yn 1942 fierde er it befel oer in kombinearre spesjale ienheid dy't de Nije Hebriden ferovere. Wylst er op 'e Stille Oseaan wie, waard er siik en oerpleatst nei Kalifornje dêr't dokters besochten te behanneljen wat in terminale sykte wurde soe.
Harry Chamberlin ferstoar op 29 septimber 1944, yn 'e âldens fan 57 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: